‘Griene Enerzjymeter’ moasje oannommen

lichtpuntje In lyts ljochtpuntsje in de Steategearkomste op 28 septimber 2016 wie it oannimmen fan ien moasje fan GrienLinks bij de behanneling fan de beliedsbrief ‘Duurzame Energie’: motie-griene-enerzjymeter. De bedoeling is dat fia in soarte fan ‘Enerzjymeter’ op internet op kreative en oantreklike wize sjen wurden lit hoe’t it der foar stiet mei de meast resinte inisjativen op it mêd fan duorsume enerzjy, lytsskalich én grutskalich.

“Wy hoopje dat minsken inoar dan inspirearje”, seit Retze van der Honing.

Neffens deputearre Michiel Schrier (SP) moat dit út te fieren wêze. It foarstel krige stipe fan hast alle steateleden (39 foar, 4 tsjin).

Retze van der Honing stimde fierder doch tsjin de ‘Beleidsbrief Duurzame Energie’ omdat syn foarstel foar 50.000 hierwenten mei sinnepanelen nèt útfierd wurden sil.

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter