Auteursarchief: Gerrit van der Meer

Over Gerrit van der Meer

Fractiemedewerker en redacteur.

Discussie over landbouw, natuur, wind en weidevogels wel voeren

hgsr_1bloemenbiodiversiteit2015 GrienLinks-steatelid Retze van der Honing hat woansdei 23 maart 2016 tsjin de ‘startnotysje en diskusjenotysje Omjouwingsfisy’ stimd. Hy fynt dat de provinsjale polityk himsels te folle beheint, troch fjouwer ûnderwerpen foar de ‘diskusje mei de mienskip’ yn it foar al út te sluten: de lânbou, wynmûnen, it feangreidegebiet, greidefûgels en de ekologyske haadstruktuer (ûnderdiel fan it natoerbelied).
De provinsje moat – lykas alle provinsjes – in nije Omjouwingsfisy opstelle, dêr’t (hast) alle romtlik, miljeu-, ferkears- en wetterbelied yn bondele wurde. Doel is om hjiroer ek wiidweidich mei de befolking yn petear te gean.

“De dúdlikens is op himsels in goede saak. Mar as wy serieus mei de Fryske befolking yn oerlis wolle oer de takomst fan Fryslân, dan moatte wy de ynbring fan de befolking ek earnstich nimme”, neffens Van der Honing. “Derby hat it kolleezje de lânbou folslein búten skot hâlden in ‘e diskusje en leit alles oer de natuer iepen. Dat kin nèt, omdat it júst de tsjinstelling tusken lânbou en natuer is, die’t oan ‘e oarder is op dit stuit.” Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

Farwei nei Drachten: in noait einigjend ferhaal?

vrachtschip in kanaal ‘A never ending story’, ‘in noait einigjend ferhaal’, liket de kwestje fan de farwei nei Drachten wol. Om de safolle jier komt dit ûnderwerp werom yn de Fryske, provinsjale polityk. De alternative oplossings wurde (opnij) ûndersocht. GrienLinks hat him net fersetten tsjin it ûndersyk. “Mar it sil dúdlik wêze dat wy gjin ferlet hawwe fan in nij kanaal dwars troch in natoergebiet”, murk Retze van der Honing (GL) woansdei 24 febrewaris 2016 op. Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

GrienLinks: “It kabinet efkes helpe: Omrop Fryslân bliuwt selsstannich!”

logo omrop

De Fryske Steaten binne it alhiel iens: Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe. Dêrta waard woansdei 23 septimber 2015 ienriedich in moasje oannommen.2015-09-23 konsept 2 Moasje Omrop Fryslân – FR Grien-Links-steatelid Retze van der Honing: “Wy moatte de steatssiktaris efkes helpe.”
Steatssiktaris Sander Dekker (VVD)hat tasein dat er noch mei de provinsje Fryslân yn oerlis wol oer de posysje fan it Frysk en oer dy fan de omrop. Hy wol de regionale omroppen ûnderbringe by in lanlike organisaasje. Dêr fielt Omrop Fryslân neat foar. Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

Pealrot yn Grou: de provinsje helpt sa nedicch mei oan de oplossing

scheur
Tweintich wenten yn de Noorderdwarsstraat yn Grou, wêrfan alve fan partikulieren en njoggen hierwenten fan korporaasje Elkien, steane likernôch op ynstoarten. In pear steane al leech, ien dêrfan wurdt mei stutpeallen oerein hâlden. Oarsaak: pealrot. Wierskynlik hat yn it ferline it wetterpeil in skoft ferlege west, sadat de peallen begjinne koene te rotsjen. Letter is it wetterpeil wer ferhege, mar doe wie it al te let: it rottingsproses giet gewoan troch. Gefolch: fersakkingen, skuorren yn de muorren. De bewenners doarre amper noch yn harren huzen te wêzen.
Sy sitte hjir dus mei oanklaud. De wenten binne ûngefear njoggentich jier âld en hawwe in gemiddelde WOZ-wearde fan mar rûchwei 70.000 euro. It oanpakken fan de pealrot en it opknappen fan de wenten kostet al gau tusken de 20.000 en 40.000 euro de wenning, neffens deputearre Hans Konst yn de steatefergadering fan woansdeitemoarn 20 maaie 2015. (Konst naam middeis ôfskied as deputearre). Mei oare wurden: finansjeel is dit sûnder help amper of net op te lossen foar minsken mei in smelle beurs.

Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

GrienLinks stemt niet in met regeling ammoniakuitstoot (PAS)

logo_natura_2000 GrienLinks hat woansdei 18 febrewaris 2015 tsjin de ynfiering fan de PAS stimd. “Wy ferwachtsje net dat de doelstelling (it fersterkjen fan de ‘biodiversiteit’ yn Natura 2000-gebieten; red.) mei de PAS helle wurdt”, sei Retze van der Honing yn in stimferklearring. Allinne GrienLinks en D66 stimden tsjin de PAS.

PAS stiet foar de saneamde ‘Programmatische Aanpak Stikstof’. Doel fan de PAS is de delstjit fan stikstof (sis mar: ammoniak) yn natoergebieten (Natura 2000-gebieten benammen) te ferminderjen. De te hege útstjit hat nammentlik as gefolch dat in soad planten dy’t min oer te folle stikstof kinne, yn dy gebieten ferdwine. Mar de PAS is foaral basearre op téoretyske kompjûtermodellen en op technyske yngrepen. De feebesetting yn de neiste omkriten fan de natoergebieten wurdt der net lytser fan. En dat is al nedich, stiet te lêzen yn it Nationaal Mileubeleidsplan 4, fan 2001.

Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

Feangreidefisy: “Kinst der eins neat mei!“

Lage waterstand Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe 21 jannewaris 2015 de Feangreidefisy fêststeld. De Fryske Steaten hiene yn jannewaris 2012 mei klam om sa’n fisy frege. Mar wat der no krekt barre sil oan it wetterpeilbehear yn it Fryske feangreidegebiet, is noch folslein in riedsel. Der sil foaral, krekt as de ôfrûne jierren, in soad praten en skreaun wurde.

“Kinst der eins neat mei!“ seit Retze van der Honing fan GrienLinks. Hy hie it leafste wollen dat it kolleezje fan Deputearre Steaten in nije nota makket en dy wer ta goedkarring foarleit oan Provinsjale Steaten. Mar dêr wie dúdlik gjin mearderheid foar, dat die al bliken yn de gearkomste fan de steatekommisje. It kolleezje komt no mei in útfieringsplan plus in foarstel foar it beteljen fan de kosten fan de útfiering. Allinne oer dat lêste kinne Provinsjale Steaten formeel noch in beslút nimme.
GrienLinks hat besocht om de nota noch wat by te stjoeren, yn gearwurking foaral mei de SP. Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

Fryske Steaten al wer ienriedich oer stavering Frysk

Ofgeand op de reboelje oer de stavering fan it Frysk, yn 2013 en 2014, soe men ek reboelje, of alteast ferskil fan miening ferwachtsje oer dit ûnderwerp yn Provinsjale Steaten. Mar sawol op 24 april 2013 as op 10 en 17 desimber 2014 wiene Provinsjale Steaten ienriedich oer in tal wizigings yn de stavering fan it Frysk.

Dat is mei te tankjen oan it feit, dat it giet om in beheind tal wizigings. Neffens in berekkening fan de Fryske Akademy, dy’t de wizigings betocht hat, giet it om 332 wurden. Fan de rom 83.000 wurden dy’t yn it nije ‘griene boekje’ komme te stean, of better sein: op ‘Taalweb’ fan dyselde Akademy. Dat moat in rike, digitale boarne wurde foar it skreaune Frysk, ynklusyf oersethelp Frysk – Nederlânsk en Nederlânsk – Frysk. It is foaral dy digitale help, dêr’t de Steaten wakker nei útseagen (en –sjogge). GrienLinks hat der ta bydroegen, dat er der komt. Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

De FUMO – ‘in twongen houlik’ – moat nije begrutting meitsje

Drukwerk De FUMO moat in nije begrutting foar 2015 meitsje. Dat hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân op 22 oktober 2014 besletten. GrienLinks-steatelid Retze van der Honing is it iens mei dit beslút. Hy hat eins noait heil sjoen yn de FUMO, mar ja…

FUMO stiet foar ‘Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing’ en is ien fan de nije RUD’s, Ruimtelijke Uitvoeringsdiensten, foarme troch in troch it Ryk opleine fúzje fan miljeu-ôfdielingen fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen. Doel: it bondeljen fan de goede krêften op it mêd fan fergunningferliening, tafersjoch en hanthavenjen fan romtlike en miljeufergunnings. Lykas by alle RUD’s is ek by de FUMO dus eins sprake fan in ‘twongen houlik’. De provinsje Fryslân is yn de FUMO de grutste dielnimmer fan dizze ‘mienskiplike regeling’. Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter

Superfluch ynternet’ komt stadich op gong

glasvezel GrienLinks stipet de provinsjale finânsiering fan ‘superfluch ynternet’ yn it bûtengebiet, ek al hat de tarieding fan de subsydzje- en lieningsregeling op ‘e nij fertraging oprûn. “It is in nij fakgebiet foar de provinsje, wy moatte hjir noch yn thús reitsje”, sa ferklearre deputearre Sietske Poepjes (CDA) dizze fertraging.

It giet om mar leafst sechtich miljoen euro. It jild wurdt op twa ferskillende wizen ynsetten: foar in part as subsydzje en foar in part as in liening mei in tolve jier rinnende rinte fan twa persint. De grutte netwurkbedriuwen geane út fan in kostenpost fan gemiddeld 3200 euro foar oanslutingen yn it meast ‘ûnrindabele’ bûtengebiet. Dy bedriuwen wolle sels net mear as tûzen euro de oansluting ynvestearje. It ‘gat’ fan 2200 euro wurdt troch de provinsjale regeling ferlytse: der is skielk subsydzje mooglik fan 500 euro de oanslu-ting, plus de al neamde liening.
Lees verder

  • Delen op Google+
  • Delen op Facebook
  • Delen op Twitter