OANKOMMENDE SNEIN WEKKER WURDE.
Wekker wurde op in moaie snein yn septimber.
It earste weroan ik dan tink is:
Snein - Restdei.
Snein - Unthastingsdei.
Snein - Besin(k)dei.
Rest en romte foar eltsenien.
Myn eigen sūnens.
It broeikaseffekt.
Te folle CO2 śtstjit.
Ferheging wetterspegel fan de se.
Ferkearsunfeiligens (Yn Fryslan 90 deaden yn 't jier.)
Lange files.
Ergernis yn it ferkearsgedrach.
Djure benzine en dieseloalje.
Slūmerjend tink ik dan: Die auto kin best wol in dei sūnder mij.
Hij byt net as ik him stean lit. Die auto bliuwt hjoed foar de doar stean.
De tillefoan is ek gewillich en E-maile is goedkeaper en makkeliker.
Oan de kofje, nei būten sjend, sis ik tsjin mij sels:
Ik gean net yn myn twadde wente op tsjillen.
Ik gean fytsen of kuierjen.
Ik kin ek mei de trein of mei de bus hjoed.
En as it waar wat tsjinfalt gean ik in spultsje mei de bern dwaan.
Ik tink nei of dźr immen yn é buert is wźrmei ik de auto diele kin.
Ik meitsje hjiroer dizze wike miskien wol in ōfspraak.
Ik tink bij mij sels: Bin ik de ienige die sa tinkt?
Ik realisearje mij dan: Nee, dat bin ik net want yn 90 plakken yn Nederlān
litte minsken hjoed de auto stean.
Bern kinne der op é strjitte boartsje
sūnder lest te hawwen fan motoriseare ferkear.
Itaalje is śs al foarbystribbe en hat eltse moanne in autoleaze snein.
It is sels sa dat yn 679 stedden yn 25 Europeeske lannen in autoleaze dei hālden wurd.
Ek haw ik lźzen dat de Europeeske Kommisje besletten hat om takommend jier
22 septimber śt te roppen ta in autoleaze dei.
Ek yn Fryslan wurdt hjoed op in tal fan plakken de autoleaze snein hālden.
Yn Ljouwert is de bus gratis.
Yn Eaststellingwerf geane se mei syn allen op é fyts.
Yn Boalsert wurdt hjoed in themadei hālden oer de autoleaze snein.
Ek yn Tytsjerksteradiel is een themadei oer dit ūnderwurp met derneist
ekskurzjes yn de natoer.
Ik nim noch in kopke kofje en sjoch nei būten.
Is dat net hearlik wekker wurde.
Oene Hofman
Grienlinks steatelid.
Werom