“Sintrale As is juridysk űnhelber”
Naar vertaling in het Nederlands
Koart foar syn ôfskied as steatelid hat GrienLinks-fraksjelid Oene Hofman mei grimmitigens konstatearje moatten, dat de grutte mearderheid
fan Provinsjale Steaten ynstimt mei it ‘realisatiebesluit Centrale As’. Dat komt del op in fjouwerstrookswei dwars troch it – om syn lytsskaligens - yn
Europa unike lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden (NFW): in yn de eagen fan GrienLinks űnakseptabele oantasting fan dit lânskip.
Dit nije weitrasee is lykwols ek űnderdiel fan it ‘Nationaal Landschap’ mei deselde namme (NFW). Op grűn fan de ‘Nota Ruimte’ konstatearret
Hofman, dat in nije, ynfrastrukturele yngreep yn dit lânskip allinne mooglik is, as der sprake is fan “grut nasjonaal belang”. “En gjin minske hat
my noch útlizze kinnen, wat it ‘grut nasjonaal belang’ fan dizze nije wei is”, seit Hofman.
Hij hat syn bijdrage hjiroer yn Provinsjale Steaten fan 13 desimber dan ek ôfsletten mei: “Ik winskje de minsken dy’t de Sintrale As juridysk
oanfjochtsje in soad sterkte ta.”
Yn it debat yn de Steaten rôp it plan foar in nij bedriuweterrein fan rűchwei 2,5 ha. bij Quatrebras (tusken Hurdegaryp en Noardburgum)
noch in soad fragen op. Deputearre Ton Baas (VVD) sei dęrom ta yn jannewaris mei in bettere űnderbouwing te kommen foar de kar fan
dizze lokaasje. “Die keus komt niet van de gemeente Tytsjerksteradiel, maar van het college van Gedeputeerde Staten (GS). Zoals alle
belangrijke zaken in deze provincie van GS komen”, sei Baas heechhertich (mar ek bij wize fan grapke).
Oene Hofman
e-mail