It hynder fan Troje nei Dokkum ?

 

It folkje yn it noard easten fan Fryslân wenne fredich yn in oaze fan griene romte fan greide en bosk oan de iggen fan  de Waadsee en it Lauwersmar.

It haadplak Dokkum wie omseame troch in histoarysk  bolwurk om tsjinstanners bûten de stêd te hâlden.

Yn die omkriten wennen ek 4 baronnen dy’t wolris reizgen nei oare dielen fan it lân en faak de kening yn Ljouwert besochten. De baronnen fûnen it sa moai yn oare parten fan it lân dat se faker die reis makken.

Se seinen tsjin it folk út it noard easten fan Fryslân dat ‘r foarby Ljouwert fan alles te belibjen wie . Se hâlden it folk ek foar dat de minsken yn oare dielen fan it lân ek folle riker wiene en derom folle better hiene dan sy hjir yn in noard easten fan Fryslân.

Ek fûnen de baronnen dat de reis nei oare dielen fan it lân te lang duorre want se wiene soms wolris in dei ûnderweis.

Hoe faker de baronnen dit boadskip oan it folk fertelden, hoe folstemear it folk ek die reis makke nei oare dielen fan it lân.

De baronnen waarden  ek mei de dei oergeunstiger op oare parten fan Fryslân en fregen de kening fan Fryslân  om in Sintrale As  oan te lizzen om ûntjouwingsrjocht wurkje te kinnen.

De minsken yn it N.E. fan Fryslân fûnen dit wol in moai wurd en tochten ek dat se dêr better fan wurde koenen.

De  baronnen wienen optein en setten ôf nei de kening fan Fryslân. Se hienen mar ien fraach oan de kening: Jou ús jild en tastimming of de Sintrale As oan te lizzen.

De kening fûn it goed mar warskôge dat ‘r net sa folle jild wie.

Troch Untjouwingsrjocht te wurkjen, desneeds mei opropwrotters rêde we ús wol, seinen de baronnen.

We lûke de Sintrale As sa rjocht mooglik, ferbreedzje de dyk, en geane ûnder it wetter troch as it moat, we keapje boeren út, sljochtsje beamwallen, kappe boskjes, lizze wurkfjilden oan en bouwe nije hûzen.

It folk út it noard easten fan Fryslân tocht: De baronnen ha it goed mei ús foar. Se sille it wol witte.

 

Yn die dagen kaam dêr yn de omkriten fan Feanwâlden in rûnreizgjende man lâns. Se neamden him Grienefatius. Dizze man warskôge de minsken dat se de 4 baronnen net samar leauwe moasten. Hij sei tsjin de minsken dat se earst mar ris goed beseffe moasten hoe rom en rêstich en grien hun omjouwing no wie en dat dat harren kapitaal foar de takomst wie.

Grienefatius dy”t sels fan fieren kaam, warskôge dat se mei de Sintrale As allegear problemen oanhelje soenen. Ferkearshinder, Stank, Drokte, Unfeiligens, in soart Grien soe ferdwine en derfoar yn it plak grou griis asfalt.

Hij koe it witte want hy kaam út in streek wêr’t dizze problemen kommen wiene nei it oanlizzen fan allegear Sintrale assen.

Grienefatius sei tsjin de minsken út it noard easten fan Fryslân dat de baronnen mei de Sintrale As it hynder fan Troje yn helje sille. “It liket geweldich moai mar it sil jimme ûndergong wêze,” foarsei Grienefatius.

Op in dei waard Grienefatius mûldea makke. Doe wie dêr net ien mear dy’t de minsken út in N.E. fan Fryslân warskôgje koe.

En de baronnen bouden troch oan harren hynder fan Troje nei Dokkum.

 

Oene Hofman

Grienlinks steatenlid.