Moasje
IBF
PS in gearsit byien op 3 novimber 2003,
Oerweagjend,
- dat it IBF by It Hearrenfean oant no ta de status hat fan
“Grootschalig bedrijventerrein voor grootschalige internationale
vestigingen”
- dat oant no ta gjin inkeld grutte ynternasjonale festiging him
permanint op it IBF festige hat en dat dêrmei jierliks de
ekspliotaasjeferliezen allinne mar tanimme
- dat blikens útspraken fan amtners fan Europeeske Kommisje de
Europeeske subsydzjebetingsten net oertrêdden wurde as op dit grutskalich
bedriuwenterrein ek oare (grutte) bedriuwen harren dêr fêstigje
- dat de Provinsje yn dit stik fan saken syn eigen ferantwurdlikheid
hat
- dat de Provinsje
oandielhâlder is fan it IBF op It Hearrenfean
- dat er gjin formele beswieren binne om lytsere kavels op ‘e merk
te bringen
- dat elts jier fan leechstân kapitaalsferneatiging is
Drage it Kolleezje op,
mei in plan fan oanpak te kommen, weryn oanjûn
wurdt hoe – yn oparbeidzjen mei de gemeentes in de A7 zone – it IBF, sa gau as
dat kin, werom te bringen nei in foar sa’n bedriuwenterrein passende en foar
bedriuwen wer oantrekklike festigingslokaasje
En gean oer ta de oarder fan de dei.
Ljouwert, 3 novimber 2003
ChristenUnie/SGP GrienLinks
Rein Ferwerda Theo
van de Bles
Albert Oostland Irona
Groeneveld
Otto van de Galiën Oene Hofman