Bydrage Oene Hofman oer it ‘PROVINCIAAL MILIEU BELEIDSPLAN’ (PMP) fan de provinsje Fryslân, yn Provinsjale Steaten fan 14 desimber 2005:

 

Yn de kommisje Lân, Loft en Wetter wie deputearre Baas it mei GrienLinks ûniens dat yn dit P.M.P. de lânbou ûntsjoen wurdt. Dan is de hear Baas it ek ûniens mei de Friese Milieufederatie (FMF) mei 29 organisaasjes efter har en mei mear as 100.000 leden, want de reaksje fan de FMF op dit plan is hast deselde as die fan GrienLinks.

Se sizze ek:

  1. It Ammoniakbelied fan de provinsje is te passyf en te folgjend om de gefolgen foar de lânbou sa folle mooglik te beheinen;
  2. de ambysje fan de provinsje oangeande de wetterkwaliteitsproblemen is te leech, wylst de easken yn de takomst oanskerpe wurde sille;
  3. net allinnich in goede milieukwaliteit yn de gebieten dy’t falle ûnder de ‘Vogel- en Habitatrichtlijn’ en de ‘Ecologische Hoofdstructuur’, mar yn it hiele lanlike gebiet.

Boppedat sille we foldwaan moatte oan it saneamde ‘stand still-principe’ fan de Kaderrichtlijn Water (d.w.s. de wetterkwaliteit mei net mear efterút gean).

Yn it lêste haadstik fan it P.M.P giet it oer de relaasje tusken de kwaliteit fan it opperflaktewetter en de lânbou. De reaksje fan Deputearre Steaten is: Dat regelje we yn it wetterhúshâldingsplan 2009. En dan kin deputearre Baas sizze:

Dêr moat deputearre Bijman him mar mei rêde.

It komt hjir op del:  It is no 2005  en we skowe de problemen in jier as trije foar ús út.

 

Deputearre Baas wie it ek mei GrienLinks ûniens dat it autoferkear ûntsjoen wurdt in dit P.M.P. Dan moat de hear Baas goede arguminten hawwe om dat te wjerlizzen. Yn it klimaatbelied fan dit miljeuplan wurdt mei gjin wurd rept oer it feit dat autoferkear ien fan de grutste feroarsakers is fan de útstjit fan CO2 en dat we dêr ek wat mei dwaan moatte.

Ek yn it kader fan de leefomjowing, lûdoerlêst en luchtkwaliteit hat autoferkear meastentiids in negative ynfloed. Benammen as de automobiliteit noch mear tanimt en dat is it gefal. En dan stimulearret de provinsje Fryslân dizze automobiliteit ek nochris foars troch miljoenen út te jaan foar nije diken. (Noardwest-tangent, in robúste heak om Ljouwert, in út syn foegen groeide Sintrale As en in nij stik (N381) en dan leafst ek noch mei in 100 km/oere-rezjym.

 

De fisy fan GrienLinks yn dizze is:

  1. We moatte de lûdoerlêst fan autoferkear beheine;
  2. we moatte de luchtkwaliteit ek yn de takomst goed hâlde;
  3. de leefomjowing en it lânskip moatte yn takt bliuwe;
  4. We moatte it klimaatbelied stypje troch de CO2-útstjit fan autoferkear te beheinen.

Dêrom stelt GrienLinks it folgjende út:

De maksimum snelheid op provinsjale diken moat 80 km/o wurde.

Wat sifers hjiroer. Fan 100 nei 80 km/o:

- jout in legere útstjit fan CO2 fan ûngefear 20 %;

- jout in legere útstjit fan fyn stof tusken 10 en 40 %;

- jout in legere útstjit fan NOx tusken 8 en 19 %.

 

Fierder is in ekstra stimulâns nedich foar miljeufreonlike ferfierswizen, sa as iepenbier ferfier en fytsferkear. Ofslutend:  We moatte ynsette op in duorsum ferkearssysteem. GrienLinks komt hjiroer mei in moasje. (Yn dy moasje wurdt foarsteld op alle provinsjale wegen yn Fryslân de maksimum snelheid te beheinen ta 80 km. per oere. GrienLinks krige by it stimmen op 14 desimber allinne stipe fan steatelid Ad van de Kolk fan de SP).