Nijjierskuier fan GrienLinks op sneon 26 jannewaris yn de omkriten fan Lichtaard.

It wie in tige gesellige middei, mei ûngefear 35-40 dielnimmers, dy’t sûnder swierrichheden de 8 km. lange kuier folbrochten. Ek al wie it wol kâld, troch de relatyf lege temperatuer (ûngefear fiif graden), mar foaral troch de tige hurde westewyn.
Fanút it âlde tsjerkje fan Lichtaard (wurdt no brûkt as in soarte fan doarpshûs anneks galery, mar spitigernôch wie it krekt ta oan in nije eksposysje, dus de muorren wiene keal en leech) kuieren we yn eastlike rjochting nei Raard. Dêr namen we in smel paadsje by de iisbaan del, beseagen efkes de ek al âlde tsjerke fan Raard fan ienige ôfstân (ds. Francois Haverschmidt, alias Piet Paaltjens, hat der yn in skier ferline noch wol preke)
en rûnen doe yn súdwestlike rjochting, oant we by de Dokkumer Ie út kamen.
Dat wetter hawwe we folge yn westlike rjochting, oant de Holwerter feart. Dêr wie wer in moai paadsje by del, rjochting Lichtaard.
We hawwe it hûs en hiem fan GrienLinks-bestjoerslid Kiki Schrier ek efkes besjoen en kuieren doe de lêste pear hûndert meter werom nei it tsjerkje op de terp fan Lichtaard.



(Yn dat hûs fan Kiki Schrier, op better sein: op dat plak, hat eartiids de Fryske skriuwer Reinder Brolsma in jier as wat wenne). Yn dat tsjerkje hat âld-riedslid fan Ljouwert (foar PAL/GroenLinks) ir. Jan Doede Niemeijer noch efkes op’e tekst west as bestjoerslid fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, om útlis te jaan oer de âlde skiednis fan dit tsjerkje en fan dizze kontreien fan Fryslân. Dizze stifing is nammentlik eigner fan it tsjerkje yn Lichtaard.

De earste tsjerken yn Fryslân mei bakstiennen muorren waarden om 1200 hinne boud; doe fûnen de muontsen (monniken) om samar te sizzen it bakken fan stiennen op’e nij út; it wie in fynst fan de Romeinen, mar dy wie yn Noardwest-Europa wer ferlern gien. Fryslân waard troch tadwaan fan dy muontsen de provinsje mei de measte tsjerken de kante kilometer yn Europa, sei Niemeijer.
Probleem is no: hoe hâlde we se yn stân, want it tradisjonele tsjerkefolk (roomsk of protestants) makket der amper noch gebrûk fan. Provinsjale Steaten (en dus ek GrienLinks) sille har hjir meikoarten oer bûgje. Sa wie de nijjierskuier foar GrienLinks-leden fuort ek wer in soarte fan wurkbesite…
Gerrit van der Meer

Marchigiana fokkerij en zorgboerderij de Iik
Hoe ziet een Marchigiana rund eruit?
Het is een oer-ras, maar wel buitenlands en heeft nog de stoere hoorns
Meest gefokt in Italie
Terug naar GrienLinks.nl