(Noch) gjin nij trasee foar de N381, Drachten-Drintse Grins

Wijnjewoude

It wie foar GL-steatelid Oene Hofman woansdei 21 febrewaris de lêste ynhâldlike steatefergadering. En it waard foar him – en de fraksje – in ferrassende en suver wat feestlike dei. Want der is gjin beslút fallen foar in nij trasee foar de N381 tusken Drachten en de Drintse grins, séls net foar in part fan dizze wei, sa’t it kolleezje fan Deputearre Steaten al woe. Dit betsjut dat der (foarearst) gjin lânskip, natoer en boeregrûn opoffere wurdt oan in hast folslein nij trasee foar de N 381.

Hofman krige boppedat stipe foar in moasje, dat by it ûndersykjen fan in nij trasee foar it part tusken Donkerbroek en Easterwâlde ék it ferbetterjen fan de besteande wei besjoen wurde moat. It wiene de fraksjes fan PvdA, FNP, D66 én VVD dy’t dat foarstel stipen.

Miskien hat de gong fan saken earder op’e dei hjir ek ta bydroegen. Yn in debat oer de takomst fan de Lauwersmar krige de PvdA it ferwyt, dat dy fraksje de ôfrûne fjouwer jier gauris foar “mear asfalt” stimd hat. Sa fan: “No’t de steateferkiezings der oan komme, wurdt de duorsumens wer belangryk, mar de ôfrûne fjouwer jier is mei stipe fan de PvdA foaral in soad jild stutsen yn mear asfalt!”

Mar by PvdA-fraksjefoarsitter (‘brombear’) Bert Versteeg foel it foaral ferkeard, dat deputearre Ton Baas it reservearjen fan grûn foar in dûbel trasee – ûnder druk fan PvdA en GrienLinks – útstelle woe. “Een kinderachtige oplossing”, sei Versteeg. Hy frege tsien minuten skorsing en yn dat skoftke krige hy syn fraksje mei, om tsjín it nije ‘foarkarstrasee’ (‘2′) te stimmen foar it part tusken Drachten en Donkerbroek. “Liever géén besluit, dan een half besluit”, sei Versteeg, dy’t yn de steatekommisje al pleite hie foar útstel fan it debat, sûnder sukses.

GrienLinks en PvdA binne bang dat it ‘opknippen’ fan it trasee tusken Drachten en de Drintse grins ferkeard útpakke kin. Foar it súdlike part moat nammentlik in nije miljeu-effektrapportaazje makke wurde. Soene jo foar it noardlike part no wol in trasee fêststelle, dan lizze jo dêrmei eins ek foar in part fêst, wêr’t it súdlike part komme moat. (Dat moat ommers al wer oanslute op it noardlike part).

It kolleezje hie oarspronklik in frijwol hielendal nij, fjouwerbaans trasee yn gedachten foar de N381. Mar dan moasten de gemeenten dêr’t de wei trochhinne rint, wól meibetelje. Benammen de gemeenterieden fan Smellingerlân en Opsterlân woene hjirfoar net ta de beurs. Boppedat is de ferkearsdrokte op dizze wei de ôfrûne jierren amper tanommen. Fandêr dat ek de ‘groeiprognoses’ foar de takomst nei ûnderen ta bysteld binne.

Dat is de reden, dat it ferkearsfeiliger meitsjen mooglik is mei folle beskiedener maatregels as ferdûbeling. Dat jout it kolleezje fan Deputearre Steaten sels ek ta: kwa foarmjouwing is der amper ferskil tusken it ferbetterjen fan it besteande trasee (de 0+ fariant) en trasee 2. “It skilt eins mar trije rotondes”, sei Oene Hofman.

De kwestje kin nei de ferkiezings fan 7 maart wolris wer in punt fan ûnderhanneling wurde foar it nije kolleezjeprogram. Dêrnei moatte de amtners wer oan it wurk om mear stúdzje te dwaan nei de bêste oplossing(s). De kâns liket grut, dat op syn gaust ein dit jier de saak wer yn de Steaten oan bod komt.