De miljoenen fleane oer tafel …. nei Iislân!

relaxen op Iislân De kredytkrisis giet ek oan Fryslân net foarby. It kin Fryslân sa’n trije miljoen euro kostje! Mar it hie mâler kinnen. Dat sit sa: it provinsjaal bestjoer wurket mei Grinslân en Drinte gear yn it SNN, Samenwerkingsverband Noord-Nederland. Dy klub is net yn’t minst in subsydzjeferdieler fan ryks- en Europeeske subsydzje. Dat jild giet nei allerhanne projekten yn de trije noardlike provinsjes. Dêr giet dus hiel wat jild yn om. Mar net alles kin fuortdaliks útjûn wurde. Dat sadwaande hat it SNN 28 miljoen euro eigen fermogen. Mar mooglik minus ûngefear 9 miljoen, want dat wie deponearre by de Iislânske bank Icesave en is miskien ferdwûn. En omdat elke noardlike provinsje like folle yn dat fermogen stutsen hat, kin Fryslân dus ientredde fan dy 9 miljoen, 3 miljoen euro, miskien nea werom krije.
De ryksoerheid yn de persoan fan minister Wouter Bos fan finansjes en de deistige bestjoeren fan de legere oerheden dy’t jild deponearre hiene by Icesave (de provinsje Noard-Hollân foarop), hawwe der al flink oer oan it hottefyljen west, sels yn it iepenbier yn it tv-programma Pauw en Witteman.

Deputearre Sjoerd Galema (CDA) fan finânsjes yn Fryslân lit it werom heljen fan de 9 miljoen euro noardlik jild by Icesave oer oan syn kollega’s fan Grinslân. Dy hawwe it op’t lêst ek ‘fuortmoffele’, al skynt dat wol hielendal neffens de regels gien te wêzen.

Fryslân soe trouwens ek hast jild by Icesave ûnderbringe, “want dy bank kaam by in fergeliking as bêste út de bus. Mar wy hawwe keazen foar nûmer twa, dat wie de Friesland Bank. Dus, al of net tafallich, it hie mâler kinnen”, neffens Galema yn de steatefergadering fan 5 novimber.