‘De Marrekrite’ is de organisaasje dy’t soarget dat boatsjefarders yn Fryslân in gaadlik (en fergees!) lisplak fine kinne en dy’t ek it ôffal fan farrende rekreanten kreas ophellet. Mei oare wurden: de Marrekrite makket en ûnderhâldt lisplak-steigers en baggeret sa nedich om dy steigers hinne, sadat se berikber bliuwe. Yn 2009 stie der rom 5.5 miljoen euro op de balâns en wie der in eksploitaasjeresultaat fan rom acht ton.
Foar rekreaasje en toerisme én foar natoer en miljeu dus in wichtige organisaasje. It is in ‘gemeenschappelijke regeling’ (‘Recreatieschap’), mei in bestjoer, in direksje en personiel, én mei donateurs en frijwilligers. Dat makket de organisaasje frij unyk. Sjoch foar de aardichheid mar ris op www.marrekrite.nl foar mear ynformaasje.
De (lytse) organisaasje hat lykwols foar neamde wurksumheden wol aardich wat sinten nedich en net al te folle eigen ynkomsten. 21 (fan de no noch 31) Fryske gemeenten én de provinsje Fryslân soargje – omdat se it wurk fan de Marrekrite wichtich fine – dêrom foar in grut part foar de finansiering fan it wurk.
Om mear finansjele earmslach te krijen, wurdt besjoen oft de Marrekrite ek in organisaasje wurde kin foar it hiele fêste lân fan Fryslân. Boppedat moat – fanwege weryndieling – de ferdieling fan kontribúsje-ynbring op’e nij besjoen wurde. Soks ropt ek diskusje op oer nut en needsaak en in eventueel oare organisaasjefoarm.
GrienLinks-steatelid Retze van der Honing fynt dat it de Fryske gemeenten harren eigen ferantwurdlikens is om al of net lid te wêzen fan de Marrekrite. Mar as der gemeenten opstappe, “hat dat automatysk gefolgen foar de provinsje Fryslân”, want dat ropt ommers de fraach op, oft de Marrekrite dan mear jild ha moat fan de provinsje, of dat de organisaasje besunigje moat en sa ja, hoe dan. “Miskien moat der in oare organisaasjefoarm komme, om goedkeaper wurkje te kinnen?” frege Retze van der Honing yn de steatesitting fan 23 juny 2010.
Deputearre De Vries antwurdde dat de Marrekrite al in lytse en dochs tige warbere organisaasje is, mar sei al in notysje ta oer de takomst fan de Marrekrite. Ek de Marrekrite sels hat al in gearkomste yn de plenning, op tisdei 7 septimber, foar rieds- en steateleden, om harren oer it dwaan en litten en de finansjes fan de Marrekrite gâns mear te fertellen.