Evaluaasje fan it PVVP: ûnôfhinklik?

It meast resinte Provinsjaal Ferkears- en Ferfierplan, yn de Fryske provinsjale polityk neffens de Hollânsktalige titel meastal ôfkoarten as PVVP, datearret fan 2006. Sa’n plan rint meastal in jier as tsien. Dat is frij lang, dêrom is mei Provinsjale Steaten ôfpraat, dat it rûchwei op healwei hifke (evaluearre) wurde soe. Hoe’t dy hifking krekt barre moast en troch wa, dat hawwe PS fierhinne oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oerlitten.

It evaluaasjerapport leit der no. It docht bliken dat it skreaun is troch de amtlike tsjinst fan de provinsje sels. Dus de amtners hawwe harren eigen wurk hifke. “Unôfhinklik”, neamt deputearre Piet Adema (CU, ferkear en ferfier) soks lykwols. “Dit raast oan de protters”, wie de earste reaksje fan GrienLinks-steatelid Irona Groeneveld.

Sy fynt it dan ek gjin wûnder, dat it kolleezje it belied oangeande it oanlizzen fan nije wegen net bystelle wol, ek al wurde der de kommende jierren yn benammen de spits minder auto’s yn Fryslân ferwachte. “It autoferkear groeit noch wol, mar dan foaral ûnder de 65-plussers. Dy hawwe folle minder ferlet fan it riden yn de spits, want dy hoege net mear nei it wurk. Hoe âlder de autobestjoerders binne, hoe koarter de ôfstannen dy’t se ride, stiet yn it evaluaasjerapport.”

Wêrom ’t it kolleezje fan Deputearre Steaten dan dochs fêsthâldt oan in fjouwerstrooks Sintrale As tusken Dokkum en Nijegea by de Wâldwei, in wide, fjouwerbaans Heak om Ljouwert en in Noardwesttangent om de Ljouwerter fleanbasis hinne? Groeneveld: “Dit kolleezje liket net by steat om it belied oan te passen oan de nijste ynsichten. It kin miljoenen euro’s besparje, as wy nochris kritysk sjogge nei de needsaak fan al dat nije asfalt. Mar de mearderheid fan de Steaten kiest dêr oant no ta net foar.”

De evaluaasje wurdt werskienlik behannele in ‘e kommisje in oktober en in de Steaten in jannewaris.