Provinsje giet troch mei tariedings foar de Sintrale As

PARSEBERJOCHT –

Fraachtekens by trochsetten tariedings Sintrale As

De kommunikaasje fan de Provinsje oer de Sintrale As is ‘ûngelokkich’, stelle Grienlinks en de FNP yn fragen oan deputearre Adema. De Provinsje hat it berjocht ferspraat dat se trochgeane mei de tariedings foar de Sintrale As, ek al hat de Raad van State de provinsjale plannen foarearst skorst. De partijen fine dat dit foar de beswiermakkers en de streek oer net fan goed bestjoer tsjûget. Adema moat it oardiel fan de rjochter no earst ôfwachtsje.

De wurdfierders fan FNP en Grienlinks wolle yn de skriftlike fragen sekuer witte wat no krekt wol en wat net ûnder ‘tariedend wurk’ of ‘ûnomkearbere stappen’ ferstien wurdt. Se tinke dat der mooglik nochal wat belestingjild weismiten wurdt mei saken dy’t aanst net mear nedich binne. ‘It soe echt in hiel minne yndruk meitsje as de Provinsje no trochgean soe mei it ôfbrekken fan huzen en it kapjen fan beammen.’

De partijen wolle in útsplitsing sjen fan de kosten oant it momint dat de Raad van State in definitive útspraak yn de boaiemproseduere oer de Sintrale As docht. Dat kin wol maart of april 2011 wurde.

De fragenstellers freegje om haast mei it beanwurdzjen fan de fragen: foar 15 desimber. Se slute net út dat de deputearre oars yn de Steategearkomste neier befrege wurde sil.


Fragen FNP en GrienLinks

Demonstratie tegen de Centrale As in 2005