Wach bliuwe foar greidefûgels

Wach bliuwe foar greidefûgels

De oanlis fan de Heak om Ljouwert moat sa min mooglik ten koste gean fan de greidefûgels.
Dat is de miening fan de fraksjes fan GrienLinks en SP. Omt de Rie fan Steat (Raad van State) de oanlis fan de Heak om Ljouwert hinne goedkard hat, bliuwt der foar dy fraksjes net folle oars oer as der wach op te wêzen, dat de oanlis fan de Heak pas los giet, as de kompensaasje foar greidefûgellân goed yn oarder is.
Fandêr dat beide fraksjes op 19 jannewaris 2011 in moasje yntsjinnen, dêr’t it kolleezje fan Deputearre Steaten yn frege wurde om net earder mei de oanlis fan de Heak te útein te setten, “as wannear’t foar de kompensaasjegebieten kontrakten ôfsletten binne.”
Dy moasje waard ek oannommen.

Dochs meitsje GrienLinks en SP harren soargen. Yn earste ynstânsje like it der op, dat der 310 hektare greidefûgellân nedich wêze soe. Letter hat Rykswettersteat dit beheind ta 142 hektare. Mar oant no ta (wike 3 fan 2011) is der mar foar 78,3 hektare oan kontrakten sletten foar agrarysk natoerbehear, wêrfan’t ek nochris 33 hektare fersteurd gebiet is (de provinsjale amtners sizze fan 10 hektare).

Der is boppedat ek noch in ûntheffing nedich yn it ramt fan de Flora- en Faunawet (Ffw). Dy moat oanfrege wurde troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu by it ministearje fan Ekonomy, Lânbou en Ynnovaasje. “Om’t it hjir giet om in Traseewet-proseduere, freget Rykswettersteat de needsaaklike fergunningen en ûntheffingen oan. Dit stiet sa yn de Traseewet beskreaun. (Rykswettersteat hat hjiryn in saneamde ‘koördinaasjeplicht)'” ,skriuwt in amtner fan de provinsje.
Yn teory kin de oanlis fan de Heak dus noch stikken rinne op it wegerjen fan dy ûntheffing. Of, sa’t oant no ta bard is by it Polderhaadkanaal, de ûntheffing wurdt earst wol ferliend, mar oanfochten by de Rie fan Steat en kin dan noch wegere wurde.
It foarbyld fan it Polderhaadkanaal lit sjen, dat it net alhiel in teoretysk ferhaal is.