Ferdwinend fean kin wer oangroeie

De provinsje Fryslân moat net allinne sjen nei mooglikheden, it ferdwinen fan feangrûn yn it feangreidegebiet ôf te remjen troch peilferheging. Mar ek nei mooglikheden, fean wer oangroeie te litten. Dat lêste kin troch peilen sáfolle omheech te bringen, dat der wer sompe (‘moeras’) ûntstiet.

Dêr kaam in útstel fan GrienLinks-fraksjefoarsitter Irona Groeneveld yn Provinsjale Steaten fan 9 febrewaris 2011 op del. Deputearre Tineke Schokker (CDA) sei ta dat der yn de startnotysje foar de lange termyn-fisy op it Fryske feangreidegebiet yndie ‘out of te box’ tocht wurde sil. Dy startnotysje ferskynt yn it twadde kwartaal fan 2011, sei se boppedat ta.

De GrienLinks-moasje waard al yn stimming brocht. Omdat net alle steateleden der wiene, wie de útslach min te foarsizzen. GrienLinks, Ferliene Lofts, PvdA, ChristenUnie en SP stimden foar; CDA, VVD en FNP stimden tsjin: de moasje waard fersmiten mei ien stim ferskil! Dus ek hjir jildt foar de takomst fan Fryslân: der falt wat te kiezen!

(Ek) foar de koarte termyn driget in tsien jier duorjende diskusje oer de wetterpeilen yn it feangebiet op in teloarstelling út te rinnen. Goed, it is net by praten bleaun. Der binne ek proeven dien om hjir en dêr wetterpeilen te ferheegjen, om it ferdwinen fan it fean ôf te remjen. Dy proeven wurkje, sa docht bliken. It ferheegjen fan it peil kin it ferdwinen fan it fean mei ûngefear 35 prosint fertraagje. Dus ynstee fan yn 100 jier, ferdwynt it measte fean yn sa’n 135 jier. Alteast as de peilferheging op grutte skaal tapast wurdt yn it hiele feangebiet.

Dat gebiet leit – rûchwei – tusken De Lemmer yn it suden en de Lauwersmar yn it noardeasten, dwars troch it lege midden fan de provinsje. It ferdwinen fan it fean is in foarm fan oksidaasje, as gefolch fan it ferleegjen fan it wetterpeil. Dat is nedich om mei grutte, swiere trekkers en masjines op feangrûn buorkje te kinnen.

As resultaat fan de proeven mei peilferheegjen yn de lêste tsjien jier, lei der 9 febrewaris in útstel foar, it peil te ferheegjen, “mits het nut heeft en kan”, op frijwillige basis, ta stân te bringen fia gebietsbehearplannen.

Mar omdat in soad boeren foar de koarte termyn mear beswieren sjogge – legere opbringsten, hegere kosten, mear kâns op feesyktes – as foardielen foar de lange termyn (langer buorkje kinne op feangrûn), makket it betingst “op frijwillige basis” dit plan op foarhân al frijwol kânsleas. De PvdA stelde dêrom út, de oanpak om te draaien: “Invoeren, mits er zwaarwegende redenen zijn, dit te beletten”. Dêr woe de mearderheid lykwols net oan. CDA, VVD, ChristenUnie en FNP gie it te fier.