GrienLinks wol Grien Boekje foar it Frysk

GrienLinks wol Grien Boekje foar it Frysk

Irona Groeneveld, fraksjefoarsitter fan GrienLinks, giet de útdaging oan dy’t Jan Schotanus yn de LC fan 8 april opsmiten hat oer in Fryske wurdlist, it Griene Boekje foar it Frysk. Sy freget Deputearre Steaten oft sy ek ree binne om de ferantwurdlikens te nimmen foar sa’n Grien Boekje. Groeneveld: “De Provinsjale Steaten hawwe ommers ek de offisjele Fryske stavering fan 1980 fêststeld. Dan kinne wy no ek noch wolris sjen nei hoe oft ús taal him sûnttiid ûntwikkele hat. Der is in soad ûndúdlikens oer hoe oft guon wurden eins skreaun wurde moatte. Wy wollle der wol wat oan dwaan. No DS noch.”

GL fragen Grien Boekje foar it Frysk dd 12042011