“Gehannes mei oandielen moat út wêze!”


Steatelid Retze van der Honing fan GrienLinks is der foar dat nutsbedriuwen yn hannen binne, bliuwe of komme fan de oerheid. Dit fanwwege it maatskiplik belang en de demokratyske kontôle. Dochs hat er woansdei 15 juny 2011 yn Provinsjale Steaten pleite tsjin it keapjen fan oandielen Vitens (it wetterliedingbedriuw) troch de provinsje Fryslân.

Hy ferwyt it kolleezje fan Deputearre Steaten “gehannes mei oandielen”, omdat der gjin langrinnend, dúdlik belied foar útstippele is. “It gehannes mei oandielen moat út wêze!” seit Van der Honing. Dêrby wiist er op it ferkeapjen fan de NUON-oandielen fan de provinsje, dêr’t de GrienLinks-fraksje har dan ek tsjin fersetten hat.
Al yn 2007 frege de fraksje om in lange termyn-belied oangeande oandielen fan de provinsje. In moasje dêroer waard doe ek oannommen. Neffens deputearre Jannewietske de Vries fiert hja dy moasje no út troch de oankeap fan de Vitens-oandielen, mar dêr wie Retze van der Honing it net mei iens.

It kolleezje is fan doel – en PS hawwe der úteinlik ek mei ynstimd – om hast 53 miljoen euro (!) yn Vitens te stekken, mei it doel om yn Fryslân wurkgelegenheid en technologyske ûntwikkeling op it mêd fan (drink-)wetter te behâlden en te stimulearjen. Der binne lykwols gjin garânsjes ditoangeande, sei Van der Honing, sitearjend út in fertroulik rapport dat de steateleden lykwols al lêze mochten.

Uteinlik stimden trije fraksjes tsjin de oankeap fan de Vitens-oandielen: VVD, D66 en GrienLinks. De earste twa foaral omdat der te min garânsjes binne foar foldwaande ynfloed fan Fryslân yn Vitens (13 prosint fan it oandielekaptaal) en foar behâld fan wurkgelegenheid. GrienLinks stimde ek om dy reden tsjin, mar dochs it meast omdat der gjin lange termyn-belied is oangeande oandielen fan de provinsje.