Foar ‘Actief’ gie ik woansdeitejûn as ferslachjouwer nei it earste Frysk diktee fan Tytsjerksteradiel. Om der goed ferslach fan dwaan te kinnen, moast ik der de hiele jûn wol bybliuwe, wie myn idee. Dan koe ‘k foar’t selde meidwaan.
Wethâlder Houkje Rijpstra soe de tekst foarlêze, dy’t de Burgumer Rienk de Haan skreaun hie. As âld-meiwurker fan de Fryske Akademy is him dat wol tabetroud. De wethâlder like, op de boppeseal fan de bibleteek yn Burgum, sa senuweftich wol as de dielnimmers. It wiene der heechút fjirtjin, mar dochs moasten der noch in pear tafels en stuollen by setten wurde. Omt wy – fanwege it gefaar fan ôfsjen? – net stiif neist elkoar sitte mochten, wie de romte ek noch oan de krappe kant.
De earste pear sinnen foelen my ta. Mar it waard stadichwei dreger. Is it no ‘foar fêst’, ‘foarfêst’ of ‘ferfêst’? ‘meireauntsje’ of ‘meideauntsje’? ‘rottweilers’ of ‘rotweilers’? Soe ‘boekferwiel’ wol goed wêze? It Frânske wurd ‘vocabulaire’, hoe moat dat yn it Frysk? Moat it ‘sms-e’ wêze of ‘sms’e’? En is it no I-pod of Ipod, of noch oars?
It swit stie my yn de hannen en ik wie net de iennichste dy’t dêr lêst fan hie. Doe’t de tsien – meast drege – en soms ek knap lange sinnen op papier stiene, krigen wy tiid om te bekommen en moast de sjuery oan de slach. Dy hie lykwols twa tsjokke hânwurdboeken ta syn foldwaan.
It duorre in moai skoft ear’t de sjueryleden der út wiene. In faai teken. Rienk de Haan, Jan Popkema en Houkje Rijpstra hiene blykber gâns flaters oanstreke! Mei de korrekte tekst op in filmskerm rûn De Haan it hiele diktee nochris bylâns. Ik kaam op njoggen flaters en tocht: ‘Dielnimme is wichtiger as winne’. Mar sjochdêr: ik hie tsien flaters en wie dêrmei ek noch winner! Nûmer twa, Swaan Postma, hie alve en nûmer trije, Sytske Boonstra, hie fjirtjin. Neffens Popkema wiene der ek dielnimmers mei mear as fjirtich flaters. “It gemiddelde hawwe wy net berekkene. Dan hiene jimme noch langer wachtsje moatten.”
De grutste ferrassing wie lykwols dat ik in priis oerlange krige. Dat dy oan it earste Fryske diktee fan Tytsjerksteradiel ferbûn wie, hie wol yn Actief stien, mar dat hie ik oer de kop sjoen. Sa gie ik mei in moaie, glêzen plakette fan Jan Hooghiemstra fan Aldtsjerk wer nei hûs.
Gerrit van der Meer