Better let as net. (Over de Centrale As)

Miskien better let as net
(gepubliceerd in de LC in de rubriek “Te Gast”)

De oprop fan âld-steatelid Frâns Kuipers (CDA) om noch wat te feroarjen oan it plan foar de Sintrale As (LC fan 15 novimber) is wol wat let. It wêrom jout er sels al oan: “bijstelling van beleid, hoe vanzelfsprekend en logisch ook, wordt door politieke bestuurders vaak als persoonlijk gezichtsverlies gezien.”

GrienLinks hat yn de tiid fan de kolleezje-ûnderhannelingen fan ôfrûne maaitiid noch in gearkomste byïnoar roppen tsjin de Sintrale As en foar de ‘Normale As’, sa as betocht troch It Fryske Gea. In oare fraksje dy’t oant dan ta tsjin de Sintrale As wie, de FNP, rôp GrienLinks lykwols op dy gearkomste ôf te sizzen, yn it belang fan de kolleezje-ûnderhannelingen!
Mei oare wurden: PvdA, CDA en FNP hawwe har mei ham en gram oan elkoar en oan de Sintrale As ferbûn. Saneamd yn it belang fan de ferkearsfeiligens moat dy hiele wei fjouwerbaans wurde! Mar yn wêzen giet it gewoan om hantsjebakken, ek wol machtspolityk neamd: “Do krigest wat fan my, op betingst dat ik wat fan dy krij.” De FNP hat it ferset tsjin de Sintrale As opjûn yn ruil foar in sit yn it kolleezje, platwei sein. Frappant is, dat it sûnttiid opfallend stil bliuwt yn de FNP oer de Sintrale As.

En by CDA en PvdA stiet it tinken – as it om autoferkear giet – eins al tritich jier stil. Earst woene se – doe bestie it CDA noch net, mar wol KVP, ARP en CHU – al ferskate âlde binnestêden opofferje oan it autoferkear.
Dêr hat Ljouwert dy wat wûnderlike Oostergoweg oan te tankjen, dy’t – as der gjin ferset kommen wie – dwars troch de âlde binnestêd gien wie! Mei troch dat ferset kin Ljouwert no iverje foar de status fan “moaiste binnestêd fan Nederlân”.
Mar ja, Fryslân hat al de status fan “moaiste provinsje fan Nederlân”. Dy kinne wy allinne mar kwytreitsje, as der in dûbelbaans Sintrale As leit én in fierhinne dûbelbaans N381. Tel dêr de Noardwest-tangent en de Heak om Ljouwert noch by, en de toeristen komme nei Fryslân foar it filefrije asfalt?
It liket der dan ek op, dat Frâns Kuipers syn oprop te let is. Mar dan komt dochs dat foarbyld fan de Oostergoweg yn Ljouwert ús wer foar eagen: dy is úteinlik dochs op healwei opkeard. Dus as de leden fan FNP en PvdA no einliks ris wekker wurde soene? Of byneed de partijgenoaten fan Frâns Kuipers?

Irona Groeneveld en Gerrit van der Meer
(foarsitter en meiwurker fan de steatefraksje fan GrienLinks)