Takomst feangreidegebiet “noch dit jier”

Der moat noch dit jier in lange termyn-takomstfizy komme foar it feangreidegebiet. De provinsje Fryslân moat dy meitsje yn gearwurking mei de belanghawwenden, lykas Wetterskip Fryslân, “boeren, burgers en buitenlui” en ûndernimmers (de rekreaasjesektor bygelyks). ‘Koproduksje’ wurdt dat neamd. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei 25 jannewaris 2012 ienriedich besletten. Wat fansels net sizze wol dat der in ienriedige fizy komt. Want de belangen ferskille frijwat fan elkoar.

It feangreidegebiet is – rûchwei –it Fryske marre-gebiet en in brede stripe dêr omhinne en in smelle stripe fan midden-Fryslân yn de rjochting fan de Lauwersmar. Yn ryksbelied makket it diel út fan de saneamde ‘blauwgroene gordel’.

As gefolch fan djipûntwettering ûntstiet feanoksidaasje en ynklnk. Sadwaande sakket de boaiem yn dit gebiet alle jierren ûngefear ien sentimeter. Mei as gefolch dat oer fjirtich oant tachtich jier – ôfhinklik fan de dikte fan it feanpakket – it fean ferdwûn is en it hjoeddeistige wetterbehear ûnbetelber wurden is. Dus dan strûpt it lege midden fan Fryslân der mooglik ûnder.

Dêrom moatte der takomstsenario’s útwurke wurde oer hoe’t it fierder moat mei dit gebiet. It kolleezje fan Deputearre Steaten kaam mei de oanset foar trije senario’s, dy’t noch útwurke wurde. Der sil ek in saneamde maatskiplike kosten- en baten-analyse (mkba) op los litten wurde.

Dy senario’s binne, koart gearfetten:

1) Trochgean op de besteande wei (‘Recht zo die gaat’), mei in sterke klam op in hege produksje fan de molkfeehâlderij en alle jierren boaiemdelgong fan rûchwei ien sentimeter yn it feangreidegebiet;

2) Skieding fan funksjes lânbou en natoer (‘Parallelle sporen’) yn gruttere ienheden; tusken de funksjes komme ‘hydrologische bufferzones’. Elke ienheid kriget passend wetterbehear. Foar de lânbou-dielen betsjut dat: trochgean mei ûntwettering.

3) De lânbou slacht nije wegen yn, dat wol sizze: oanpassing oan wiete omstannichheden (‘Nieuwe wegen’). Dus boeren sykje in twadde of tredde aktiviteit by har molkfeehâlderij of skeakelje hielendal om. Oare funksjes (wenje, natoer, rekreaasje) kinne dan ienfâldiger it wetterbehear krije dat dêrby past.

Provinsjale Steaten fûnen dizze trije senario’s wat oan de krappe kant. Deputearre Tineke Schokker lei út dat in kombinaasje fan senario’s ek mooglik is, mar dat wie foar de measte steateleden likemin genôch. In moasje fan de PVV om mear senario’s mooglik te meitsjen, krige 25 jannewaris de stipe fan hast alle fraksjes, op dy fan PvdA en FNP nei. Ek waard in moasje oannommen dat de ynbring fan belanghawwenden by it útwurkjen fan senario’s net binend wêze mei foar dy belanghawwenden.

In moasje fan de PvdA-fraksje om gong te setten mei ien en oar, sadat der ein dit jier in takomstfizy op papier stiet, krige in krappe mearderheid fan 22 stimmen foar en 20 tsjin. GrienLinks stimde hjir foar, lykas FNP, SP, D66, Friese Koers. Tsjin stimden: CDA, VVD, CU en PVV.