Súdwestlik fan Ljouwert wurdt in soad boud. De rûnwei ‘Heak om Ljouwert’ wurdt oanlein, der komt in nij bedriuwsterrein – Newtonpark – en de nije wenwyk Wiarda stiet op priemmen. Foar dizze plannen geane grutte stikken greide ferlern, dêr’t it fanâlds optilde fan de fûgels, skriezen en ljippen foaral. Dy hektares moatte kompensearre wurde – sa stiet yn it Streekplan fan de Provinsje Fryslân. Dy stekt dêr miljoenen euro’s yn. Mar de kompensaasje bart op in wize, dat it foar de fûgels weismiten jild is.
Nederlandse versie van dit stuk.
De gebieten dy’t oanwiisd binne as kompensaasje foar de “Ljouwerter” greidefûgels lizze te fier ôf fan de âlde briedlakken. Biologen hawwe nammentlik al lang oantoand, dat foaral skriezen tige trou binne oan harren briedplakken. Se “ferhúzje” alle jierren gemiddeld net mear as twa- oant trijehûndert meter fan it briedplak fan foarich jier ôf.
De provinsje siket “kompensaasjegreiden” lykwols fjouwer oant acht kilometer (by Jorwert en Winsum ûnder oare) fierderop. It effekt sil wêze, dat de skriezen (en ferskate oare greidefûgelsoarten) op “gewoane” greiden telâne komme, dêr’t sprake is fan lege wetterpeilen en betiid meane: dêr driigje de skriezen fan honger om te kommen.
As se dochs aaien lizze en brieden ta komme, dan is de kâns grut dat de jongen it net rêde. De foar boeren meast produktive greiden binne foar jonge skriezen it plak dêr’t se òf fan honger omkomme (se frette ynsekten, mar dy sitte der fierstente min yn dizze ‘keale’ greiden), òf maklik proai binne fan rôffûgels en rôfdieren, òf fan de grutte masjines fan boeren en leanwurkbedriuwen.
GrienLinks is fan betinken dat kompensaasjegebieten foar greidefûgels by Ljouwert oan in oantal easken foldwaan moatte. Se moatte deunby de gebieten lizze dy’t no fernield wurde, minimaal 200 hektare rêstich gebiet, dêr’t it wetterpeil tweintich oant fjirtich sentimeter ûnder it meanfjild stiet en dêr’t pas yn de rin fan juny (noch better: 1 july) foar it earst meand wurdt – en dan ek noch sa, dat de fûgels hinnekommen fine kine yn rânen dy’t net meand wurde. It kolleezje fan Deputearre Steaten moat der foar soargje dat alle ôfsletten kontrakten langduorjend binne en foldogge oan dy easken.
De stúdzjes fan saakkundigen, lykas ekologysk buro Altenburg en Wymenga, de Ryksuniversiteit Grins en Alterra (Wageneningen UR) binne helder. Ek op de “weidevvogelkennisdag” fan Boerennatuur op 8 maart kaam nei foaren dat it oars moat: sa trochgean betsjut de ein fan de skries en mooglik ek fan oare greidefûgelsoarten yn Fryslân.
Rom in jier lyn, 19 jannewaris 2011, hawwe Provinsjale Steaten in moasje fan GrienLinks oannommen, mei dêryn de sin: “As bliken docht dat de kompensaasje net foldwaande is, foar mear gebieten kontrakten ôf te sluten om de kompensaasje dochs noch slagje te litten”. It kolleezje hat hast in jier letter, op 20 desimber 2011, antwurde dat dêr gjin jild foar is. “As de Steaten dit wolle sil der apart beslútfoarming oer plak fine moatte en moat it wurkplan (foar greidefûgels) oanpast wurde. Der sil dan ekstra jild beskikber steld wurde moatte yn bygelyks de foarm fan in soarte fan risikofûns.”