GrienLinks tevreden: nog voor de zomer actieplan vervuilde grond

Proviniale Staten spreken deze maand nog geen oordeel uit over het handelen van het college van GS, naar aanleiding van het zeer kritische rapport van de Noordelijke Rekenkamer (NRK) over bodemsanering in Fryslân.

GrienLinks-statenlid Irona Groeneveld hield die mogelijkheid eerst nog open. “ik heb als statenlid mijn controlerende functie niet kunnen uitoefenen” stelt ze. ”En mensen vragen zich af: hoe is het mogelijk dat er locaties zijn met gevaar voor volksgezondheid en de provincie doet daar niks mee?”

Maar gedeputeerde Sietske Poepjes (CDA, milieu) wist de statencommissie ervan te overtuigen dat zij het rapport van de NRK serieus neemt. Ze is al stevig aan de slag om de bodemsanering in Fryslân op orde te krijgen.

Yn it hert fan Terherne hawwe boargers mei in neimakke ja-knikker fersmoarge grûn opfallend oantsjutten.

» Lees de rest van het bericht in het Nederlands
» Lês it berjocht yn it Frysk
» Bijdrage van Irona Groeneveld (tekst en video)

De commissieleden kregen ter plekke een overzicht van de humane spoedlocaties, zowel op het land als in het water, met mogelijke risico’s voor de volksgezondheid. Die lijst komt ook digitaal beschikbaar. Dit alles leidde er toe dat Groeneveld van oordeel was dat het rapport niet meer in Provinciale Staten behandeld hoeft te worden. De rest van de commissie was het daar mee eens.

Groeneveld: “De gedeputeerde heeft beloofd dat er een plan van aanpak (‘plan de campagne’) komt en dat PS dat voor de zomer van dit jaar krijgen. In dat plan van aanpak komt alles te staan waar ik – en de rest van de commissie – om heb gevraagd. Als dat plan er ligt, zullen wij het mogelijk in de statencommissie bespreken.

Het viel Groeneveld op, dat in begrotingen en jaarverslagen van de laatste jaren niks terug te vinden is, dat er op wijst dat er iets mis is met de bodemsanering in Fryslân. “Zodoende konden wij als statenleden niet weten, dat er veel mis is. Zo is de informatie aan de burgers die dichtbij vervuilde grond wonen of werken, nagenoeg nul. Alleen als mensen er bij de provincie zelf naar vragen, krijgen ze informatie. Ook Provinciale Staten zijn niet goed geïnformeerd. Dit zal in het vervolg beter, heeft de gedeputeerde beloofd. Wij zullen scherp in de gaten houden, of ze haar belofte nakomt”, zegt Groeneveld.

Frysk:

Deputearre jout ta: boaiemsanearring moat gâns better

Provinsjale Steaten sprekke dizze moanne (april 2012) noch gjin oardiel út oer it hanneljen fan it kolleezje fan DS, nei oanlieding fan it tige krityske rapport fan de ‘Noordelijke Rekenkamer’ (NRK) oer de boaiemsanearring GrienLinks-steatelid Irona Groeneveld hold yn de steatekommisje Lân, Loft en Wetter op 11 april dy mooglikheid earst noch iepen. “Ik haw as steatelid myn kontrolearjende funksje net útoefenje kinnen”, seit se. “En minsken freegje harren ôf: “Hoe is it mooglik dat der fersmoarge lokaasjes binne mei gefaar foar de folkssûnenen en dat de provinsje dêr neat oan docht!”

Mar deputearre Sietske Poepjes (CDA, miljeu) hat de steatekommisje foldwaande blike litten, dat sy it rapport fan de NRK earnstich nimt. Se is al fiks oan de slach om de boaiemsanearring yn Fryslân op oarder te krijen. De kommisjeleden krigen ûnder de fergadering in oersjoch fan de “humane spoedlocaties” op it lân én yn it wetter, yn totaal 22 stiks. Ek de risiko’s foar de folkssûnens wurde dêryn oantsjutten. Dy list komt ek digitaal beskikber. Alles byïnoar wie Groeneveld fan oardiel dat it rapport fan de NRK net mear yn Provinsjale Steaten behannele wurde hoecht. De rest fan de kommisje wie it dêr mei iens.

Groeneveld: “De deputearre hat tasein dat der in plan fan oanpak (‘plan de campagne’) komt en dat PS dat foar de simmer fan dit jier krije. Yn dat plan fan oanpak komt alles dêr’t ik – en de rest fan de kommisje – om frege ha. As dat plan der leit, sille wy it mooglik besprekke yn de steatekommisje.”

It foel Groeneveld op, dat yn begruttings en jierferslaggen fan de lêste jierren net werom te finen is, dat der wat mis is mei de boaiemsanearring yn Fryslân. “Yn dy sin koene wy as steateleden net witte, dat der in soad mis is. Sa is de ynformaasje oan de boargers dy’t deunby fersmoarge grûn wenje of wurkje, frijwol nul. Allinne as minsken der by de provinsje nei freegje, krije sy ynformaasje. Ek Provinsjale Steaten binne net goed ynformearre oer dit ûnderwerp. Dat sil tenei better, hat de deputearre tasein. Wy sille skerp kontrolearje oft dit klear komt”, seit Groeneveld.