GrienLinks hat woansdei 7 novimber 2012 besocht in debat oer it ljipaaisykjen yn Provinsjale Steaten op gong te krijen. Dat slagge mar heal, mar dochs: it debat hjiroer yn de Steaten is begûn en it lêste wurd is der noch net oer sein. GrienLinks hat yn it ferkiezingsprogram 2011-2015 as stânpunt, dat it aaisykjen net ferbean wurde hoecht, mar dat it net mear fan dizze tiid is (no’t it tal ljippen alle jierren tebek rint) om de aaien mei te nimmen. Irona Groeneveld hat dit yn de Steaten mei ynmoed nei foaren brocht. “Us leafde foar de greidefûgels hawwe de deputearre (Johannes Kramer) en ik gemien, wy ferskille allinne fan miening oer hoe’t wy mei it aaisykjen omgean wolle.”
Sy tsjinne in moasje yn om “yn oerlis mei de belutsen partijen in kreätyf alternatyf te betinken foar it meinimmen fan de aaien en dit alternatyf (alternativen) uterlik febrewaris 2013 foar te lizzen oan Provinsjale Steaten.”
Te tinken falt oan in “mobyl lotterteam”, sadat de Kommissaris fan de Keninginne it
fjild yn moat om it earste ljipaai fan Fryslân te lotterjen. “Denk aan de
publiciteit die dat kan opleveren”, sei de GrienLinks-fraksjefoarsitter. “Maar dan
wel het ei laten liggen.” Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma siet yn de
foarsittersstoel te glimmen by dy wurden.
Mar deputearre Johannes Kramer (FNP) socht it yn in prosedureel ferlechje om it
ynhâldlike debat noch efkes útstelle te kinnen: “Der leit in oanfraach fan de BFVW
(Bond van Friese Vogelwachten) foar in nije ûntheffing fan de Flora- en Faunawet
(foar fiif jier). Dêrom ûntriede wy de moasje fan GrienLinks mei klam”, sei Kramer.
Groeneveld frege him, oft de kearn fan it aaisykjen sit yn it meinimmen fan de
ljipaaien. Dêr draaide de deputearre earst wat omhinne, mar hy sei dochs, dat dit
neffens him yndie it gefal is.
Dêrom luts Groeneveld de moasje wer yn, mei de belofte dat sy besykje sil it debat
oan te gean mei de BFVW. Sy is fan doel der op werom te kommen yn de Steaten of op
syn minst yn de steatekommisje Lân, Loft en Wetter, as ek it greidefûgelbelied wer
oan ‘e oarder komt.