Enkête fan PS oer grûnbelied hie better west

De provinsje Fryslân hat de útfiering fan it grûnbelied noch lang net op oarder. It is sels mar de fraach oft it yn dizze kolleezjeperioade (noch rom twa jier) op oarder komt. Dat sei Retze van der Honing 23 jannewaris yn it spoeddebat oer it rapport fan Bureau Berenschot oer de oanpak fan grûnoankeapen troch de provinsje.

Hy pleite, krekt as op 17 oktober 2012 nei oanlieding fan it rapport fan de ‘Noordelijke Rekenkamer’ oer itselde ûnderwerp, foar in ‘parlementêre enkête’ troch Provinsjale Steaten. In moasje foar it hâlden fan sa’n enkête, yntsjinne troch PVV en SP, krige dan ek de stipe fan GrienLinks. Mar fierders allinne fan D66, sadat dit foarstel it net helle.
Dêr foaroer stie in moasje fan de VVD, mei yntsjinne troch alle oare fraksjes op de PVV nei, om in ûndersyk te dwaan nei de hiele organisaasje fan de provinsje Fryslân, om nei te gean oft der mear misstannen binne. Op oantrún fan GrienLinks komt der ek in soarte fan begeliedingskommisje mei steateleden, om dit ûndersyk mei stal te jaan.

Van der Honing wiisde yn syn bydrage op de inkele dagen foar it debat noch neikommen stikken fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. “Dêr falt út op te meitsjen dat der noch in hiel soad saken net op oarder binne mei de útfiering fan it grûnbelied. Rapportaazjes fan de ‘ienheid grûn’ ferskille fan de bestjoersrapportaazjes. De provinsje hat gjin aktuele, folsleine en dúdlike registraasje fan eigendommen. We kinne gjin ûnderskied meitsje tusken juridysk en ekonomysk eigendom. Wy witte net iens ‘by benadering’ wat wy as provinsje yn besit hawwe! Dêr is de help fan it kadaster by nedich.”

It besit fan de provinsje nimt ta troch allerhanne projekten. Dat ferget ek in ûnderhâldsprogram. As der gjin ûnderhâld dien wurdt, dan is it provinsjaal eigendom oan it fertuteazjen, konkludearret Van der Honing. Der moat in ‘vastgoed-econoom’ oanstel wurde om de wearde fan it provinsjaal besit fêst te stellen. Wat de finansjele konsekwinsjes hjirfan binne? It duorret noch oant de ein fan 2013 foardat dêr mear sicht op is.
De gearwurking fan de provinsje mei taksateurs hat mooglik ûnrjochtmjittich west. De kontrakten mei taksateurs wurde alteast op ‘e nij besjoen en rjochtmjittich makke, seit it kolleezje ta.

It kolleezje stelt meikoarten in fjirde direkteur oan, spesjaal foar de bedriuwsfiering. Mar dat is gjin garânsje foar de needsaaklike kultueromslach dy’t nedich is. Boppedat liket it der op, dat de hjoeddeistige, trijemans-direksje it mei it oanstellen fan in fjirde direkteur net iens is, sei Van der Honing.

Lykas hast alle wurdfierders wie Van der Honing tige kritysk oer it hâlden en dragen fan deputearre Hans Konst. Dy hat koartlyn sein dat er net wist dat er de ferantwurdlik deputearre wie foar it organisasjebrede (of: yntegrale) grûnbelied. Van der Honing fûn dat mar frjemd, omdat Konst neijier 2010 noch oerlis hie mei amtners oer de Utfieringsnota foar it grûnbelied.
Hans Konst krige yn earste ynstânsje yn it debat net it wurd, omdat syn kollega Johannes Kramer dizze taak fan him oernommen hat en no dus ferantwurdlik deputearre is. Mar op fragen oer de ‘perioade Konst’ antwurdde Kramer hieltyd: “Dat wit ik net”. Dus krige Konst op oantrún fan alle fraksjes dochs it wurd. Dy lei út, dat der twa amtlike organisaasjes wiene by de provinsje, beide dwaande mei grûnoankeapen. “Ik joech lieding oan de iene, Piet Adema oan de oare ‘poat’. Ik wist net better as dat it sa hearde”, sei Konst.
Hy joech ta dat it achternei besjoen oars moatten hie, mar dat der fan syn kant gjin opset yn it spul wie. Syn útlis waard – hiel opfallend – net ûnderbrutsen en dêrnei akseptearre troch de measte fraksjes. Van der Honing oer de yntegriteit fan Konst: “Ik doar wol in twaddehâns auto fan Konst te keapjen.”
Mar dêrmei is it lêste wurd oer de útfiering fan it provinsjaal grûnbelied en oer de provinsjale organisaasje as gehiel dus noch lang net sein.