Landbougrûn (net) ûnteigenje foar natoer

Vogeltjesland-WammertIt wie in opmerklik debat, yn Provinsjale Steaten fan 27-2-2013, oer it wol of net ûnteigenjen fan lânbougrûn foar natoer. Provinsjale Steaten hiene nota bene yn jannewaris ienriedich ynstimd mei it oernimmen fan alle oanbefellings fan de ‘Noordelijke Rekenkamer’ oer it grûnbelied. Ien fan dy oanbefellings wie: meitsje ûnteigenjen fan (lânbou-)grûn foar natoer mooglik. Dit wie (en is) yn it Streekplan ‘Om de kwaliteit fan de romte’ nammentlik beskôge as útsûndering op de regel. Mei oare wurden: de provinsje spruts yn 2006 mei harsels (en mei LTO-Noord) ôf, net te ûnteigenjen foar natoer. By einbeslút is hjir noch neat oan feroare.
De Noordelijke Rekenkamer (NRK) advisearre om dizze útsûndering der út te heljen, omdat dit ynkonsekwint is. Frappant wie dat PS yn jannewaris ienriedich álle advizen fan de NRK oer it grûnbelied oernamen, ynklusyf dit punt. Mar yn febrewaris kamen de ‘rjochtse’ partijen der al wer op werom, doe’t deputearre Johannes Kramer braaf dit foarstel oernommen hie. It resultaat fan yntensyf lobbywurk fan de kant fan de LTO, is ús yndruk.

Foaral CDA-er Johan Apperloo smiet him op as de kampioen fan de oerlis-demokrasy. Neffens him koene DS en PS de makke útsûndering net samar út it Streekplan skrasse, sûnder earst goed yn oerlis te gean mei “it middenfjild”. Retze van der Honing (GL) brocht dêr tsjinyn, dat ûnteigenje foar in wei prinsipjeel net oars is as ûnteigenje foar natoer: beide kearen hat ‘de demokrasy’ besletten dat dy wei of dat stik natoer nedich is. “It is sels in foarm fan rjochtsûngelikensens!” neffens Retze, “want sa wurdt de ien oars behannele as de oar!” Hy krige byfal fan deputearre Kramer.
De CDA-fraksje krige lykwols stipe fan VVD, PVV, CU én fan de FNP, sadat 23 steateleden foar de CDA-moasje stimden en 17 tsjin (PvdA, SP, D66, FK en GL). (Trije steateleden wiene der net).

Retze van der Honing hold in moasje achter de hân oer in oar aspekt fan it grûnbelied. By grûnoankeapen wie de proseduere de lêste jierren nochal rommelich en dêr hat de ôfrûne tiid dan ek in soad krityk op west. (Sjoch eardere nijsbrieven). It taksearjen fan de wearde fan grûn en gebouwen wie sa’n kritykpunt: der waard te min fêstlein op papier en de definitive taksaasje waard gauris ôfhinklik makke fan it resultaat fan de ûnderhannelingen. Retze trúnde der nochris op oan, dat taksaasje korrekt útfierd wurde moat. Nei tasizzingen fan deputearre Kramer hat Retze syn moasje net yntsjinne. It doel is, dat yn de rin fan 2013 de prosedueres foar grûnoankeapen alhiel korrekt ferrinne. Dêrta is ûnder oare in nije ienheid ‘Grûn’ opsetten en wurdt wurke oan ‘kultuerferoaring’.