Op ûnderdieltsjes wurdt de stavering (‘spelling’) fan it Frysk justjes oanpast. Provinsjale Steaten hawwe dat 24 april 2013 yn begjinsel besletten. Dat barde ienriedich, yn tsjinstelling ta 1976. Want doe wiene net allinne de Steaten, mar ek de measte fraksjes ferdield oer de oanpassing fan de stavering.
De Fryske Akademy kin no fierder oan ‘e slach mei it útwurkjen fan de oanpassing. Letter dit jier of begjin 2014 – is it stribjen – sille de Steaten gear oer de feitlike oanpassings. Wannear’t dy fan krêft wurde is lykwols noch ûnwis.
In pear skriftlike fragen fan GrienLinks yn april 2011 hawwe dit yn gong setten.
Oanlieding wie in artikel fan de auteur Jan Schotanus (‘Te gast’) yn de LC fan 8 april 2011. Hy beklage him der oer, dat de Fryske wurdboeken gauris meardere staveringen foar ien en itselde wurd goedrekkenje. Soks kin foar brûkers fan it Frysk (skriuwers, learkrêften, learlingen, amtners, bygelyks) betizing jaan.
GrienLinks frege it kolleezje fan Deputearre Steaten oft der yndie ferlet is fan in offisjele wurdlist foar it Frysk, lykas it ‘Groene boekje’ foar it Nederlânsk. It kolleezje konkludearre, nei it rieplachtsjen fan de Fryske Akademy, dat sa’n offisjele wurdlist in goede saak is. Doel is, dat dy skielk sawol op ynternet as ek yn boekfoarm ferskine sil. (Tink mar oan it ‘Groene boekje’ foar it Nederlânsk).
De Akademy krige opdracht mei dy list útein te setten. Mar al wurkjend ûntdiek de Fryske Akademy dat der ferskate lytse ynkonsekwinsjes sitte yn de hjoeddeistige staveringsregels fan it Frysk. Dy binne fêststeld troch Provinsjale Steaten yn 1976 en yn 1980 offisjeel fan krêft wurden. (In berop tsjin de wizigingen by De Kroan is troch minister Van Kemenade yn maaie 1977 fersmiten).
De Akademy hat no inkele foarstellen dien foar (lytse) wizigingen. Dy geane oer de oe en de û, ieu en iuw en de stavering fan ‘frjemde’ wurden wêrfan’t it grûnwurd yn it Nederlânsk mei in v of z begjint (‘ynvalide’ en ‘televyzje’ wurde dan: ‘Ynfalide’ en ‘telefyzje’, bygelyks).
De Akademy is noch drok dwaande mei de wurdlist, dêrom kínne der noch nije wizigingsfoarstellen by komme. Mar de ferwachting is dat it by de neamde wizigings bliuwt.
De Akademy wurket ek oan in bettere ferzje fan de ‘staveringshifker’ op ynternet. Neffens deputearre Jannewietske de Vries kin dy der yn oktober 2013 dit jier wêze.