De staveringskwestje – in stoarm yn in glês wetter?

abc

Uterlik 1 oktober 2013 stiet der in fergees te brûken ‘staveringshifker’ (‘spellingscontrole’) foar it Frysk op ynternet, ek brûkber foar mobile telefoan en as ‘app’. De kâns is lykwols grut dat it dan giet om de hjoeddeiske stavering, dus noch sûnder de (beheinde) wizigingen dêr’t de Fryske Akademy drok mei oan it wurk is. “Dat jout mear tiid om nochris nei dy wizigingen te sjen”, sei deputearre Jannewietske de Vries oan de ein fan in debat, freedtejûn 28 juny yn It Aljemint, de konferinsjeseal yn in ferboude tsjerke achter de Fryske Akademy yn Ljouwert.

De nije stavering wurdt net ferplichte foar amtners en it ûnderwiis, sei beliedsmeiwurker Harmen Akerboom fan de provinsje Fryslân. “It is foar it ûnderwiis oan de eksamenkommisje, hoe ’t dêr mei omgien wurdt”, lei er út. Meiwurker Pieter Duijff fan de Fryske Akademy brocht dêr tsjinyn, dat ‘de eksamenkommisje’ net bestiet, dat it formeel ‘de minister fan ûnderwiis’ is, dy’t eksameneasken fêststelt. “Mar wol op grûn fan in advys fan in groep saakkundigen”, sei er der by.

Der wie dy freedtejûn in moaie opkomst fan in stik as santich minsken, jong en âld en dêr tuskenyn. Oanlieding wie it ferset – foaral yn de papieren media, op ynternet en fia de e-post – tsjin it beslút fan Provinsjale Steaten, yn begjinsel yn te stimmen mei it meitsjen fan in standert wurdlist (soks as ‘het groene boekje’ foar it Nederlânsk) foar it Frysk én mei inkele beheinde wizigingen yn de stavering.

Mar it wichtichst is miskien wol de opdracht oan de Fryske Akademy om de (oanpaste) staveringshifker op 1 oktober 2013 digitaal beskikber te hawwen foar elk dy’t dat ‘apparaat’ brûke wol.

Dy opdracht wie al jûn yn it lêst fan 2011. Dat hie ek de wichtichste Fryske media wol helle. It opmerklike wie dat der doe gjin ferset kaam. Neidat PS it prinsipebeslút nommen hiene – oer de staveringshifker, it ‘griene’ boekje én de oanpassing fan de stavering – kaam der pas ferset tsjin.

Ien fan de oanfierders fan dat ferset, NHL-dosint Frysk Henk Wolf, wie freed 28 juny ien fan de ynlieders. De oaren wiene de al neamde Harmen Akerboom (oer de gong fan saken oant dan ta) en de projektlieder by de Akademy, Anne Dykstra.

Lêstneamde lei út dat it Frysk eins al lang in standert-stavering. Frijwol elk dy’t yn’t Frysk publisearret past ‘m ek ta, ynklusyf de minsken dy’t yn ferset kamen. Der feroaret boppedat mar in bytsje, sei Dykstra, “ik tink heechút in fjirtichtal wurden, wêrfan ’t de measte frijwol ûnbekind binne.”. De feroarings liet er sjen mei in ‘powerpoint’-presintaasje. (Sjoch de GrienLinks-nijsbrief fan april 2013).

Henk Wolf brocht der tsjin yn, dat wizigingen yn de stavering it lestiger meitsje om ‘âlde’ teksten (mei de ‘âlde’ stavering) te lêzen. En hy hold fol, dat de wizigingen wól ferplichte wurde foar it ûnderwiis en foar amtners. “Troch de standert wurdlist wurde wurden dy’t dêr net yn opnommen wurde, ferbean”, neffens Wolf. Harmen Akerboom en Anne Dykstra seine dat dit net wier wie.

Nei de ynliedingen en it skoft wie der noch in diskusje, mei Wolf en Dykstra yn it foarum, plus heechlearaar Frysk Goffe Jensma en direkteur Koen Eekma fan de Afûk. Ek minsken yn de seal koene meidwaan oan it debat. Se waarden it net iens. It gie foaral oer it wol of net ynstellen fan in (al of net ferplichte) standert wurdlist. Oer de foarstelde wizigingen is noch amper praat. Dat brocht oan de ein fan de jûn in studinte ta de útrop: “Wy moatte eins nochris prate, mar dan oer de foarstelde wizigngen!” Oft dat debat der komt is lykwols noch ûnwis.

Foar GrienLinks is wól wis: dy standert wurdlist à la ‘het groene boekje’ moat der komme, sawol digitaal as op papier. Wat dy rûchwei fjirtich wurden oanbelanget dy’t al of net feroarje: dêr moat it wichtichste net om oergean.