GrienLinks stipet plan foar fytstunnel Hurdegaryp

hurdegaryp
Der komt, as de finânsjes it talitte, in spoartunnel ûnder of by it treinstasjon fan Hurdegaryp. GrienLinks hat dit foarstel mei de steatefraksjes fan FNP, VVD en PvdA stipe, woansdei 18 septimber 2013 yn Provinsjale Steaten.

Foar de ekstra sneltrein (twa yn stee fan ien yn ‘e oere) tusken Ljouwert en Grins binne oanpassings nedich oan it spoar en de stasjons. Sa moatte bygelyks ferskate perrons langer makke wurde.
GrienLinks fynt dit in goed plan, want it tal passazjiers op dizze treinferbining groeit stadichwei troch. Foaral yn de spitsoeren sitte de treinen soms tige fol.

Omdat der yn de kommende pear jier ek begûn wurdt mei it oanlizzen fan in rûnwei om Hurdegaryp (noardlik fan it spoar), kin der ‘wurk mei wurk’ makke wurde by de oanpassings oan it spoar. Sa’n kâns op in fytstunnel komt mar ien kear foarby. Fandêr dat de neamde steatefraksjes der by it kolleezje op oantrune hawwe, “in fytstunnel op it stasjon fan Hurdegaryp yn de oanbesteging mei te nimmen.” Betingst is wol dat “de finânsjes it talitte”. Boppedat moat it foarstel mei “de regio” (gemeente Tytsjerksteradiel, Doarpsbelangen) besprutsen wurde. De oanbelangjende moasje krige yn de Steaten in romme mearderheid: tritich foar, alve tsjin.
CDA-er Teus Dorrepaal fûn it te gau foar de fytstunnel. Hy frege it kolleezje earst alle knyppunten op it trajekt tusken Ljouwert en Grins goed yn byld te bringen, om dêrnei in ôfwaging meitsje te kinnen oft de neamde fytstunnel der komme moat of net.
Mar alle alve tsjinstimmers fan de neamde ‘fytstunnel-moasje’ stimden úteinlik wol yn mei de it foarstel foar de oanpassings fan it spoar Ljouwert-Grins, sadat de Steaten dêr ienriedich foar wiene. It sil lykwols noch wol oant ein 2015 duorje, ear’t de wurksumheden oan it spoar úteinsette. De ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins rydt dan neffens de ferwachting ein 2017.