It begryp ‘biodiversiteit’ – ‘ferskaat fan libbenssoarten’ yn it Frysk – komt amper út de ferve yn it lanlike en Fryske natoer- en miljeubelied. It is om samar te sizzen fuortbesunige. De ‘Ecologische Hoofdstructuur’ is der noch wol, mar it Fryske natoerbelied rjochtet him foaral op it beskermjen – foar safier ’t it net ál te djoer wurdt – fan greidefûgels én it ôfsjitten fan twa soarten guozzen, ek: foar safier’t it net ál te djoer wurdt. Nederlân as gehiel bongelet yn Europa mei de ‘biodiversiteit’ tegearre mei Malta en Cyprus sa ûngefear ûnderoan.
De GrienLinks-fraksje makket him hjir soargen oer. Yn de steatefergadering fan 16 oktober 2013 greep Retze van der Honing de oanpassing fan it Fryske miljeuprogramma oan, om oandacht te freegjen foar de biodiversiteit. Hy diende in moasje yn mei as fersyk oan it kolleezje:”Yn 2014 te kommen ta in konkreet en mjitber programma dat ynsjoch jout yn de besteande en te nimmen maatregels om de ‘biodiversiteit’ te ferbetterjen”. PS 16 oktober 2013 – milieuprogramma – motie GrienLinks – biodiversiteit “Us bern moatte hjir skielk ek noch in goed libben hawwe kinne”, sei Van der Honing.
Ek PvdA-steatelid Hetty Jansen makke har soargen oer dit ûnderwerp, sa die bliken. Retze frege deputearre Sietske Poepjes (CDA) om “yn 2014 te kommen ta in konkreet en mjitber programma dat ynsjoch jout yn de besteande ‘biodiversiteit’ en de te nimmen maatregels om dizze te ferbetterjen.” (Yn it kolleezjefoarstel wie sprake fan ‘stand still’, mar dan sûnder dúdlik oan te jaan hoe ’t it der no foar stiet mei de Fryske ‘biodiversiteit’.)
Deputearre Sietske Poepjes (CDA) woe yn har antwurd net fierder gean as dat se by it wurkjen oan it nije miljeuprogramma yn 2014 omtinken jaan wol oan it begryp ‘biodiversiteit’, mar sûnder oan te jaan oft sprake wêze sil fan mear of minder omtinken (en jild) foar dit ûnderwerp. Dochs waard Retze syn moasje oannommen troch de mearderheid fan Provinsjale Steaten. Wy sille der hooplik folgjend jier yn geunstige sin mear oer melde kinne. Oan GrienLinks sil it net lizze.