Sâltwinning ûnder it Waad: stipe fan Twadde Keamer foar GrienLinks

saltlyts.jpg De Twadde Keamer hat lêstendeis mei in moasje fan de Keamerleden Vos en Jacobi (PvdA) der foar soarge dat it NIOZ-ûndersyk nei de risiko’s fan boaiemdaling yn it Waad better ûndersocht wurde. Minister Kamp fan EZ hat dêrom it ferlienen fan in fergunning foar sâltwinning ûnder it Waad útsteld.
Dit beskôget GrienLinks as stipe foar it eigen stânpunt: sa lang ’t de risiko’s fan sâlt (en gas-)winnng ûnder de Waadsee net folslein dúdlik binne, dan dit foar Europa sa likernôch wichtichste natoergebiet net yn gefaar bringe.
Der spilet net allinne de ûnfoarspelberens fan de boaiemdaling, sa as gauris ûnderstreke is troch âld-NAM-meiwurker ir. Adriaan Houtenbos. Ek is der de ûnwissichheid fan de stiging fan de seespegel.

De FNP-fraksje liet op 18 desimber 2013 nochris hearre dat de Waadsee net it wichtichste is foar dizze partij. Wurdfierder Jan Visser pleite der foar, dat it kolleezje fan Deputearre Steaten by it regear en it Parlemint yn de pleit giet foar in sa fluch mooglik ôfjaan fan de fergunning foar de sâltwinning ûnder it Waad. LINK naar de rest van dit bericht.
Dit soe yn it belang wêze fan de bewenners fan Noardwest Fryslân, want dan kin sâltwinbedriuw Frisia sa gau mooglik ophâlde mei sâltwinning ûnder it feste lân.
De FNP ferjit dan lykwols, dat – krekt as ûnder it fêste lân en mooglik noch mear – ek de seedyk meisakje kin. Yn kombinaasje mei (noch ûnbekinde) stiging fan de seespegel kin soks noch wolris folle gefaarliker wurde as allinne sâltwinning ûnder de fêste wâl. Dêr is de GrienLinks-fraksje trouwens ék tsjin: it leafst seagen we dat de sâltwinning yn Noardwest Fryslân hielendal stilsetten wurdt.