Feiligens Fryske wegen wurdt mooglik minder

werkinuitvoering It ûnderhâld fan provinsjale wegen, farwegen, slûzen, brêgen en akwadukten wurdt de kommende jierren wierskynlik minder goed dien as de ôfrûne jierren. Dit ûndanks dat der mear jild by komt. Dit komt trochdat de ôfrûne jierren de ynflaasje net byhâlden is. Dêrom moast de provinsje de lêste jierren yn wêzen op it ûnderhâld besunigje. Omdat der no minder jild by komt as dat eins nedich is foar it op peil hâlden fan it ûnderhâld, kin dit wolris ten koste gean fan de feiligens.

Retze van der Honing: ” “As GrienLinks fine wy eins dat der minder wegen oanlein wurde moatte. Dat is fansels fuort ek de bêste manier om op ûnderhâld te besparjen. Mar de feiligens fan de ferkearsdielnimmers mei net yn gefaar komme”.

Dêrom hat GrienLinks yn de Steaten fan 22 jannewaris 2014 in amendemint fan de VVD stipe, dat der mear jild nedich is foar it op peil hâlden fan it ûnderhâld fan de provinsjale ynfrastruktuer.

De wurdfierders fan de kolleezjefraksjes en deputearre Sietske Poepjes tochten der wat makliker oer. “As der skuorren of gatten yn in wei ûntsteane en dy kinne net fuortdaliks ferholpen wurde, dan kin der tydlik in ‘lastbeperking’ of in legere maksimum snelheid tapast wurde. Dan komt de feiligens net yn gefaar”, sei deputearre Poepjes.

It kolleezje frege yn syn foarstel ek fuortdaliks in mandaat foar it fêststellen fan it ûnderhâldsprogram foar wegen en wâlkanten fan fiif jier. Dêr wie GrienLinks it likemin mei iens.
De kolleezjepartijen (PvdA, CDA en FNP) liken hjir ek muoite mei te hawwen, omdat it doel is dat it Provinsjaal Ferkears- en Ferfierprogramma yn 2015 ôfrint. In moasje fan it CDA foar “heroverweging” yn 2016 fan de helberens fan it ûnderhâldsnivo krige in mearderheid: 24 foar, 14 stimmen tsjin. GrienLinks stimde hjir tsjin, omdat mei dizze moasje it niisneamde mandaat foar fiif jier net oan ‘e kant wie. Dat bleau nammentlik stean yn it beslút.