Meldpunt boaiemfersakjen by provinsje Fryslân

b odemdalingprognose Somtiden rinne ferskillende minsken tagelyk mei lyksoartige ideeën om. Sa ek de steatefraksjes fan GrienLinks en CDA yn Fryslân. Beide fûnen dat der ferlet is fan in provinsjaal meldpunt oangeande boaiemfersakjen. De grûn yn Fryslân fersakket foaral troch trije ferskillende oarsaken: ferleging fan wetterpeilen, sâltwinning en gaswinning.

As it giet om fersakjen troch gas- of sâltwinning, dan kinne boargers en bedriuwen dy’t hjir lêst fan ûnderfine, harren melde by de lanlike Technische Commissie Bodembeweging (TCBB). As dy kommisje – keppele oan it ministearje fan Ekonomyske Saken, mar ‘ûnôfhinklik’ – oertsjûge is fan de skea én as de oarsaak troch gaswinning ûntstien is, dan wurdt skeafergoeding útbetelle.

Mar dy kommisje is net botte bekend én net altyd like goed berikber. Fandêr dat it idee ûntstie, in provinsjaal meldpunt op te setten, dêr’t minsken ynformaasje krije kinne oer skea(fergoedings-)prosedueres en gefallen fan boaiemfersakjen yn Fryslân melde kinne.

De CDA-fraksje en deputearre Sietske Poepjes hiene dit fansels yn ’t foar mei elkoar oerlein (Poepjes sit gauris by de fraksjegearkomsten, ek al is sy as deputearre gjin steatelid). Sadwaande wie it foar de ‘beropswaarnimmer’ gjin wûnder, dat Poepjes posityf reagearre op it (alhiel net útwurke) foarstel fan de CDA-fraksje oangeande sa’n provinsjaal meldpunt.

Dat wie ek de fraach fan GrienLinks-fraksjefoarsitter Retze van der Honing: ‘Wat docht sa’n meldpunt?’ En heakke der oan ta: “Jo kinne skea better tefoaren komme as dat der skeafergoeding betelle wurde moat. Sjoch mar nei út ferkiezingsprogram!” (Dêryn wurdt steld dat it sa gau mooglik dien wêze moat mei gas- en sâltwinning en dat dêr alternativen foar fûn wurde moatte).

Poepjes sei ta dat der in webside komt, in telefoannûmer en ek in amtner, dêr’t minsken fragen oan stelle kinne. De VVD-fraksje woe dan wol earst witte wat soks kostje moat. Der komt noch in begruttingswiziging of sa, wie de twadde tasizzing fan de deputearre. Dochs stimden VVD en D66 tsjin. Dy lêste fraksje benammen omdat de provinsje formeel neat oer it boaiemfersakjen (alteast troch gas- en sâltwinning) te sizzen hat. “Wy kinne alline advys útbringe oan de minister fan Ekonomyske Saken”, joech Poepjes ta.
Wurdt ferfolge (mei in útwurke foarstel), oer uterlik seis wiken.