De FUMO moat in nije begrutting foar 2015 meitsje. Dat hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân op 22 oktober 2014 besletten. GrienLinks-steatelid Retze van der Honing is it iens mei dit beslút. Hy hat eins noait heil sjoen yn de FUMO, mar ja…
FUMO stiet foar ‘Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing’ en is ien fan de nije RUD’s, Ruimtelijke Uitvoeringsdiensten, foarme troch in troch it Ryk opleine fúzje fan miljeu-ôfdielingen fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen. Doel: it bondeljen fan de goede krêften op it mêd fan fergunningferliening, tafersjoch en hanthavenjen fan romtlike en miljeufergunnings. Lykas by alle RUD’s is ek by de FUMO dus eins sprake fan in ‘twongen houlik’. De provinsje Fryslân is yn de FUMO de grutste dielnimmer fan dizze ‘mienskiplike regeling’.
Ofrûne simmer is troch it algemien bestjoer fan de FUMO de ûntwerp-begrutting foar 2015 fêststeld. Dêr wie gjin lid fan it kolleezje fan de provinsje by, sei deputearre Sietske Poepjes (CDA), “as gefolch fan in minne planning, want it wie middenyn de fakânsje.”
It grutte probleem fan de FUMO is dat de gemeenten folle minder wurk oan de FUMO oerdrage as dat earst ferwachte waard, troch dyselde gemeenten. Dat komt ek omdat it taryf fan de FUMO heger is as fan konkurrearjende advysburo’s. En dat komt wer troch it relatyf grutte tal meiwurkers en in taryfstelsel dat basearre is op in (relatyf) heech gemiddeld oere-taryf. It gefolch: der moat gâns jild by fan de kant fan de dielnimmers om de FUMO oerein hâlde te kinnen.
Hoefolle oft dat úteinlik wurdt yn 2015, sil ôfhingje fan de nije begrutting dy’t de FUMO meitsje moat.
Direkteur Marius van der Wal, in ‘Grunninger’, is optimistysk. Hy tinkt dat sprake is fan bernesyktes en dat de organisaasje op termyn goed te plak komt. In beliedsamtner fan de provinsje wie by de saneamde ‘Steatemerk’ wat minder optein. Neffens him wie de sifermjittige ûnderbouwing fan oantallen miljeu- en romtlike fergunnings by de Fryske gemeenten yn 2009 ek al net op oarder. Dat soe wize op in struktureel probleem. ‘Wordt vervolgd’, hoe dan ek.