Ofgeand op de reboelje oer de stavering fan it Frysk, yn 2013 en 2014, soe men ek reboelje, of alteast ferskil fan miening ferwachtsje oer dit ûnderwerp yn Provinsjale Steaten. Mar sawol op 24 april 2013 as op 10 en 17 desimber 2014 wiene Provinsjale Steaten ienriedich oer in tal wizigings yn de stavering fan it Frysk.
Dat is mei te tankjen oan it feit, dat it giet om in beheind tal wizigings. Neffens in berekkening fan de Fryske Akademy, dy’t de wizigings betocht hat, giet it om 332 wurden. Fan de rom 83.000 wurden dy’t yn it nije ‘griene boekje’ komme te stean, of better sein: op ‘Taalweb’ fan dyselde Akademy. Dat moat in rike, digitale boarne wurde foar it skreaune Frysk, ynklusyf oersethelp Frysk – Nederlânsk en Nederlânsk – Frysk. It is foaral dy digitale help, dêr’t de Steaten wakker nei útseagen (en –sjogge). GrienLinks hat der ta bydroegen, dat er der komt.
It is (foarearst) net de bedoeling dat der in écht ‘grien boekje’ ferskynt, ferlykber mei it ‘groene boekje’ (fan de SDU) foar it Nederlânsk.
De wizigings geane foaral oer it gebrûk fan de û en de oe, de v en de f, de s en de z en de kombinaasjes ieu en iuw. Wa’t mear witte wol, kin efkes trochklikke…….
Foar Nederlânsktaligen hjir in linkje nei in parseberjocht fan de Fryske Akademy.
De wizigingen yn koart bestek:
Oe/û
It Frysk hat trije ferskillende oe-lûden, te witten it koarte ienlûd /u/, it lange ienlûd /u:/ en it twalûd /u.ə/. Dy wurde op dizze wize stavere:
/u/ as û of oe
/u:/ as û of oe
/u.ə/ as oe
De haadregel is dat it /u(:)/-lûd stavere wurdt as û.
Op dy haadregel binne twa útsûnderingen:
a) as it oerienkomstige Standertnederlânske wurd in oe hat, dan hat it Fryske wurd dy ek. Tink bygelyks oan ‘poes’. Dat wurdt sa dien omdat der datoangeande in staveringstradysje ûntstien is, ek al gie dy formeel tsjin de offisjele regels yn.
b) de bûging fan in beheind tal ûnregelmjittige tiidwurden hat yn de ûnfolsleine en folsleine doetiid foar it /u(:)/-lûd de stavering oe of û. Der wurdt net fan de besteande staveringstradysje ôfwykt. Troch dy stavering wurdt yn guon gefallen dúdlik ûnderskied makke tusken de notiid oan de iene kant en de ûnfolsleine doetiid oan de oare kant. Tink oan: ik lûk (notiid) – ik loek (doetiid).
Eo/eau
It Frysk hat foar it twalûd /ö.ə/ ûngelikense staveringen, te witten eo en eau. Foarbylden: sneon en dreaun. Dat bliuwt sa, mar foar ien wurd komt klearrichheid, te witten reauntsje, dat ek wol ris as reontsje stavere waard. It wurdt no konsekwint reauntsje.
Ieu/iuw
Oant no ta waarden foar it twalûd /i:ṷ/ twa ferskillende staveringen brûkt, te witten ieu (yn ieu, Sieusk, Hebrieusk) en iuw (yn kiuw, liuw, miuw en spriuw). Tenei wurde al dy wurden mei iuw stavere, lykas de tiidwurden bliuwe, driuwe, kliuwe, piuwe, priuwe, riuwe, skriuwe, triuwe, wiuwe en wriuwe.
‘Frjemde’ wurden (algemien)
De yn 1982 fêststelde regels foar it staverjen fan ‘frjemde’ wurden jouwe oan hoe’t nije wurden út oare talen, gewoanwei frjemde wurden neamd, harren oan de Fryske stavering oanpasse moatte. Meastentiids giet dat yn de praktyk wol ridlik goed, mar as men dy regels hiel strak hantearret, wat de regeling min ofte mear foarskriuwt, kinne der rare wurdbylden ûntstean. Sa wurde neffens dy regels de wurden coach, jazz, lits-jumeaux en souper wol stavere as kootsj, dzjêz, lisjumo en sûper.
Yn guon gefallen wurde neffens dy regels wurden stavere sa’t se as frjemde wurden yn ús taal kaam binne. Yn de wurdlist sille benammen Ingelske wurden ûnferoare opnaam wurde.
f/v en s/z yn frjemde wurden
Yn de beregeling foar frjemde wurden fan 1982 wurdt oer de stavering fan de v en z yn frjemde wurden sein dat se yn it Frysk oan it begjin fan in wurd mei in f respektyflik in s skreaun wurde. Mear wurdt oer de stavering fan de v en z net regele, en yn de praktyk is dat te min. Men sjocht dêrtroch dat de regel ûnwissigens oproppe kin oangeande de stavering fan dizze klanken, bygelyks, wêrom wurdt njonken fokaal – mei in f – yntervokalysk net mei in f stavere? De regel is no sa oanskerpe: oan it begjin fan in grûnwurd komt op guon útsûnderingen nei net in v of z foar, mar in f of s, ek as dat wurd ûnderdiel is fan in gearstalling of ôflieding. Foarbylden:
fyzje, profyzje, refyzje, superfyzje, telefyzje
falide, ynfalide
soölogy, mikrosoölogy
It stribjen is, dat de nije regels al yn it nije skoaljier fan 2015 yngeane, mar it kolleezje fan Deputearre Steaten hawwe teminsten tasein dit goed ôf te stimmen mei ‘it fjild’ (benammen it ûnderwiis en de útjouwers).