Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe 21 jannewaris 2015 de Feangreidefisy fêststeld. De Fryske Steaten hiene yn jannewaris 2012 mei klam om sa’n fisy frege. Mar wat der no krekt barre sil oan it wetterpeilbehear yn it Fryske feangreidegebiet, is noch folslein in riedsel. Der sil foaral, krekt as de ôfrûne jierren, in soad praten en skreaun wurde.
“Kinst der eins neat mei!“ seit Retze van der Honing fan GrienLinks. Hy hie it leafste wollen dat it kolleezje fan Deputearre Steaten in nije nota makket en dy wer ta goedkarring foarleit oan Provinsjale Steaten. Mar dêr wie dúdlik gjin mearderheid foar, dat die al bliken yn de gearkomste fan de steatekommisje. It kolleezje komt no mei in útfieringsplan plus in foarstel foar it beteljen fan de kosten fan de útfiering. Allinne oer dat lêste kinne Provinsjale Steaten formeel noch in beslút nimme.
GrienLinks hat besocht om de nota noch wat by te stjoeren, yn gearwurking foaral mei de SP.
Mar omdat dit net sá slagge, sa’t dizze fraksjes foar eagen hiene, hawwe se úteinlik beide tsjin it ‘finale beslút’ stimd, lykas ek ûnôfhinklik steatelid Otto van der Galiën. De rest hat foar stimd.
Dit hat der wol ta laat, dat it kolleezje ûnder oare in GrienLinks-moasje útfiere moatte sil. Dêryn wurdt it kolleezje frege, finansjele stipe te jaan oan it lanlike ‘Kenniscentrum Aanpak Funderingsproblematiek’ (KCAF) foar it ûntwikkeljen fan in databank oer de kondysje fan fundearrings (fan wenten en gebouwen) yn it feangreidegebiet. Neffens deputearre Tineke Schokker is der lykwols al sa’n databank, mar kin de provinsje wol ynformaasje dêr oan bydrage. Dat lêste hat sy ek tasein.
Der komme no proefprojekten dy’t fan ûnderop op gong komme moatte. Der sil besocht wurde it ferlies oan feangrûn troch oksidaasje, in gefolch fan wetterpeilferleging, ôf te remjen. Miskien dat der hjir en dêr ek besocht wurdt, benammen yn natoergebieten, wer feangrûn der by te krijen. Dat kin allinne mei it splis setten fan stikken lân of natoer (sodze yn it Frysk, moeras yn it Nederlânsk). Oft it allegearre werklik fertuten dwaan sil foar it sa lang mooglik behâlden fan feangrûn, falt tige te betwiveljen. Fandêr dus de tsjinstim fan GrienLinks.