GrienLinks stemt niet in met regeling ammoniakuitstoot (PAS)

logo_natura_2000 GrienLinks hat woansdei 18 febrewaris 2015 tsjin de ynfiering fan de PAS stimd. “Wy ferwachtsje net dat de doelstelling (it fersterkjen fan de ‘biodiversiteit’ yn Natura 2000-gebieten; red.) mei de PAS helle wurdt”, sei Retze van der Honing yn in stimferklearring. Allinne GrienLinks en D66 stimden tsjin de PAS.

PAS stiet foar de saneamde ‘Programmatische Aanpak Stikstof’. Doel fan de PAS is de delstjit fan stikstof (sis mar: ammoniak) yn natoergebieten (Natura 2000-gebieten benammen) te ferminderjen. De te hege útstjit hat nammentlik as gefolch dat in soad planten dy’t min oer te folle stikstof kinne, yn dy gebieten ferdwine. Mar de PAS is foaral basearre op téoretyske kompjûtermodellen en op technyske yngrepen. De feebesetting yn de neiste omkriten fan de natoergebieten wurdt der net lytser fan. En dat is al nedich, stiet te lêzen yn it Nationaal Mileubeleidsplan 4, fan 2001.

De lanlike oerheid hat der saakundigen út binnen- en bûtenlân foar ynskeakele. Der is in technysk yngewikkeld kompjûtermodel foar makke. Boeren (en oaren, mar it giet yn it Noarden fan Nederlân foaral om boeren) kinne hjir gebrûk fan meitsje om in Natuurbeschermingswet-fergunning oan te freegjen. Dy fergunning is ferplichte as se jierliks mear as 14 gram stikstof (= 1 Mol) ekstra yn in Natura 2000-gebiet útstjitte.
Dizze metoadyk hâldt amper rekken mei de no al fierstente hege feebesetting yn en om de Natura 2000-gebieten. Dêrom ferwachtet GrienLinks gjin foldwaande effekt. De PAS is foaral betocht om de boeren yn ‘e mjitte te kommen. Dat natoerbehearjende organisaasjes der dochs my yn lykje te stimmen, komt mooglik omdat se ekstra jild krije foar behearmaatregels, lykas plagje, beammen roaie en wetterpeilen ferheegje.

koeien