Tweintich wenten yn de Noorderdwarsstraat yn Grou, wêrfan alve fan partikulieren en njoggen hierwenten fan korporaasje Elkien, steane likernôch op ynstoarten. In pear steane al leech, ien dêrfan wurdt mei stutpeallen oerein hâlden. Oarsaak: pealrot. Wierskynlik hat yn it ferline it wetterpeil in skoft ferlege west, sadat de peallen begjinne koene te rotsjen. Letter is it wetterpeil wer ferhege, mar doe wie it al te let: it rottingsproses giet gewoan troch. Gefolch: fersakkingen, skuorren yn de muorren. De bewenners doarre amper noch yn harren huzen te wêzen.
Sy sitte hjir dus mei oanklaud. De wenten binne ûngefear njoggentich jier âld en hawwe in gemiddelde WOZ-wearde fan mar rûchwei 70.000 euro. It oanpakken fan de pealrot en it opknappen fan de wenten kostet al gau tusken de 20.000 en 40.000 euro de wenning, neffens deputearre Hans Konst yn de steatefergadering fan woansdeitemoarn 20 maaie 2015. (Konst naam middeis ôfskied as deputearre). Mei oare wurden: finansjeel is dit sûnder help amper of net op te lossen foar minsken mei in smelle beurs.
De bewenners krije help fan wenningbouferiening Elkien en de gemeente Ljouwert, dêr’t Grou sûnt tsjintwurdich ûnder falt. Mar de stipe fan Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân binne wierskynlik ek nedich, om sawol finansjeel as kwa regeljouwing de oanpak fan de wenten mooglik te meitsjen. Boppedat binne provinsje en wetterskip as beliedsmakker, c.q. as behearder fan de wetterpeilen moreel ferantwurdlik, fynt GrienLinks (lykas de measte oare fraksjes yn de Steaten).
Deputearre Hans Konst woe der ek net foar weirinne. “Fia it ISV-budzjet dat ornearre wie foar de gemeente Boarnsterhim, kinne wy meibetelje. It giet om ûngefear 2,5 ton. De gemeente en wenningbouferiening Elkien binne der bot by belutsen, sy wurkje hurd oan in oplossing. Dy wolle wy stypje as dat nedich is”, sei Konst ta.
GrienLinks stie achter in oprop oan it kolleezje, yn de foarm fan in moasje fan CU, PvdA en PVV, om de bewenners fan de Noorderdwarsstraat yn Grou net ‘fersûpe’ te litten, sis mar. Dy moasje helle it trouwens mar kwalik: 22 foar, 20 tsjin. Opfallend wie dat D66 ferdield stimde. Tsjin de moasje stimden Mulder en De Roo fan D66, plus de fraksjes fan FNP, VVD en CDA.