Afspraken over ganzen onder vuur

goose-168560_640Trije kear is de lêste oardel jier in oerienkomst sletten tusken boeren, jagers, natoerbehearders en oerheden oer it bestriden fan guozzen. En trije kear is sa’n oerienkomst troch boere- of jagersorganisaasjes wer opsein. Foaral yn Fryslân is it ferset grut. GrienLinks-steatelid Retze van der Honing hat der gjin fertrouwen mear yn, dat se it noch iens wurde. “Wy binne hjir klear mei!”
Harkje hjir wat Retze seit oer it skeel op de radio fan de Omrop

Dat sei er woansdei 24 juny 2015 yn Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy hat sels foarsteld om in wiziging yn de oanbelangjende feroardening noch mar efkes út te stellen, oant de belangeklups it iens wurden binne. Dat foarstel helle it lykwols net.
Retze hat ek foarsteld de oarsaken fan de ‘guozzepleach’ goed te ûndersykjen en de mooglikheden fan hegere wetterpeilen en krûderyk gers yn dit ferbân mei te nimmen. De praktyk leart nammentlik dat yn sokke greiden minder guozzen sitte te fretten as op ‘regulier’ raaigers.
Deputearre Johannes Kramer wie ree om “literatuerûndersyk” dwaan te litten oer de oarsaken, mar hat it foarstel fan GrienLinks ôfwiisd. It waard troch de mearderheid fan Provinsjale Steaten fersmiten.
“De guozzepleach is fansels troch minsken feroarsake”, seit Van der Honing. “Sa lang’t wy de oarsaken net oanpakke, kinne wy oan it bestriden bliuwe.”

Hy besocht fan deputearre Kramer gewaar te wurden, wêr’t dy syn grinzen lizze. “Hoe faak moat ien fan de boere- of jagersorganisaasjes noch de gearwurking opsizze, ear’t jo der klear mei binne?” frege er Kramer op de man ôf.
“Ik bin der fuort net klear mei”, wie syn antwurd, “wy hawwe de meiwurking nedich fan al dizze minsken, want de provinsje ferjaget sels gjin guozzen, dat moat gebeure troch de frijwilligers yn ’t fjild.”

De hjoeddeistige feroardening en ‘guozze-oanpak’ wurdt begjin 2016 evaluearre. It bestriden fan de guozzen bart oant en mei de ultime middels: it deasjitten troch jagers en it fergassen yn gearwurking mei It Fryske Gea. Dat is lêstendeis bard yn de Jan Durkspolder by Earnewâld, dêr’t in tûzen guozzen (yn de rui, dan kinne se net fleane) byïnoar dreaun waarden en fergast waarden. Dêrnei binne se nei in poelier brocht yn Amsterdam, om se te slachtsjen foar konsumpsje.

Yn de rin fan 2016 sille Provinsjale Steaten de evaluaasje besprekke.