De Fryske Steaten binne it alhiel iens: Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe. Dêrta waard woansdei 23 septimber 2015 ienriedich in moasje oannommen.2015-09-23 konsept 2 Moasje Omrop Fryslân – FR Grien-Links-steatelid Retze van der Honing: “Wy moatte de steatssiktaris efkes helpe.”
Steatssiktaris Sander Dekker (VVD)hat tasein dat er noch mei de provinsje Fryslân yn oerlis wol oer de posysje fan it Frysk en oer dy fan de omrop. Hy wol de regionale omroppen ûnderbringe by in lanlike organisaasje. Dêr fielt Omrop Fryslân neat foar.
Direkteur Jan Koster liket der noch al mei libje te kinnen, mar foaral de sjoernalisten ûnder it personiel binne benaud harren selsstannigens kwyt te reitsjen. Boppedat – en dat is it punt dêr’t Provinsjale Steaten om ‘e hoeke komme – hawwe se it gefoel dat it Frysk der ûndersnije kin: yn ‘Hilversum’ hat men ornaris minder omtinken foar it Frysk as yn Fryslân.
De Fryske Steaten beroppe har op de ferankering fan it Frysk yn wetjouwing, sawol lanlik as Europeesk, en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. De tydlike kommisje Hoekstra had dêroer in skoft lyn advys útbrocht oan it regear, dêr’t dúdlik yn nei foaren komt dat de posysje fan it Frysk yn ‘de media’ ferlet hat fan fersterking.
De moasje ferwiist dan ek nei dat advys. Dy wie opsteld troch leden fan it saneamde Steatekomitee (alle fraksjes fan de Fryske Steaten binne dêryn fertsjintwurdige). Dochs krige de moasje yn earste ynstânsje net de stipe fan álle fraksjes: PvdA en D66 gie de tekst net fier genôch. Foaral Hetty Janssen (PvdA) fûn dat in ferwizing yn de moasje nei ‘de kabinetsplannen’ der út moast. “Want dan leg je je in feite al neer bij het verlies aan zelfstandigheid.”
Retze van der Honing (GrienLinks) wie it dêr net mei iens: “ ‘De omrop bliuwt selsstan-nich’, dat stiet dúdlik yn de moasje.”
Yn it middeisskoft stutsen de wurdfierders de koppen nochris byïnoar. De PvdA krige syn syn: de ferwizing nei ‘de kabinetsplannen’ waard skrast. It resultaat wie, dat alle 43 stea-teleden (der ûntbriek nimmen) achter de moasje stiene, doe ’t oan de ein fan in lange dei oer alle moasjes en kolleezjefoarstellen stimd waard.
De ‘Freonen fan Omrop Fryslân’ hawwe alle steatefraksjes oproppen, foar Omrop Fryslân in soartgelikense posysje ta stân te bringen as foar de Fryske Akademy. Dy kriget ûnge-fear de helte fan it jild fan de KNAW (Koninklijke Academie van Wetenschappen) en de oare helte fan de provinsje Fryslân. De ynhâldlike selsstannigens is yn in oerienkomst fêstlêin. De Fryske Steaten hawwe har hjir noch net oer útsprutsen. It kolleezje fan De-putearre Steaten kriget foarearst de frijheid om mei steatssiktaris Dekker yn petear te gean. De kwestje komt noch al werom yn de Steaten, om’t Dekker wurket oan in nije Mediawet, dêr’t er ek de posysje fan de regionale omroppen yn regelje wol.