In oprop om faker fegetarysk iten beskikber te stellen yn it ‘bedriuwsrestaurant’ fan it Provinsjehûs én foar de ‘bûtentsjinst’, hat steatelid Retze van der Honing (GrienLinks) woansdei 16 desimber 2015 omearme. Minder fleis ite is net allinne sûn foar minsken, mar ek foar it miljeu. “Minder fee draacht by oan minder útstjit fan CO2 en methaan en remmet sa de klimaatferoaring”, neffens Van der Honing.
It foarstel (‘motie vreemd aan de orde van de dag’) fan de Partij voor de Dieren helle it lykwols net, omdat de koälysjepartijen CDA, VVD, SP en FNP ien line lutsen. Sy stipen deputearre Klaas Kielstra, dy’t sei dat der foldwaande oanbod is fan fegetarysk en biolo-gysk iten yn ’t Provinsjehûs. It foarstel woe it iten fan fleis net ferbiede, mar wat faker it fegetarysk iten mei mear neidruk ‘oan de amtner bringe’. Der stimden 18 steateleden foar, 25 stimden tsjin.