GrienLinks wil een Friese grondbank

bedrijventerrein Der moat in ûndersyk komme nei de mooglikheden om de eksploitaasje fan strategysk belangrike bedriuweterreinen yn de fjouwer grutte kearnen yn Fryslân yn in mienskiplike Fryske grûnbank ûnder te bringen. It giet dan om Ljouwert, Drachten, Hearrenfean en Snits. Dat wol de steatefraksje fan GrienLinks.

Neffens fraksjefoarsitter Retze van der Honing bekonkurrearje gemeenten elkoar by it oan-lûken fan bedriuwen. Dit stiet in mienskiplike akwisysje en in duorsume ûntwikkeling fan be-driuweterreinen yn ‘e wei. “Arbeidsmerk en ekonomy lûke har neat oan fan gemeentegrinzen”, neffens Van der Honing. “De belangen fan de ûnderlinge gemeenten binne it meast tsjinne mei in goede gearwurking.”

As gemeenten en provinsje gearwurkje yn in mienskiplike grûnbank, ûntstiet in mienskiplik belang. Dit liedt ta in effektivere oanpak fan de akwisysje en praktyske gearwurking, fer-wachtet GrienLinks.
Neffens Van der Honing hawwe bedriuwen ek sels ferlet fan in dúdliker ferdieling en tematyske ynfolling fan de bedriuweterreinen. “Dat jout dúdlikheid en jo soargje foar in oantrekliker festigingsplak. Ek foar de realisaasje fan duorsume bedriuweterreinen is ferlet fan in yntensivere gearwurking tusken provinsje en gemeenten. Der ûntstean boppedat mear mooglikheden foar romtlike ynrjochting en behâld fan lânskiplike wearden”, ferwachtet Van der Honing.

GrienLinks wol dat de provinsje Fryslân it inisjatyf nimt foar in ûndersyk nei de mooglikheden fan in mienskiplike grûnbank. Yn de steatefergadering fan 24 febrewaris sil GrienLinks in foarstel yntsjinje.