Farwei nei Drachten: in noait einigjend ferhaal?

vrachtschip in kanaal ‘A never ending story’, ‘in noait einigjend ferhaal’, liket de kwestje fan de farwei nei Drachten wol. Om de safolle jier komt dit ûnderwerp werom yn de Fryske, provinsjale polityk. De alternative oplossings wurde (opnij) ûndersocht. GrienLinks hat him net fersetten tsjin it ûndersyk. “Mar it sil dúdlik wêze dat wy gjin ferlet hawwe fan in nij kanaal dwars troch in natoergebiet”, murk Retze van der Honing (GL) woansdei 24 febrewaris 2016 op.

Ferpleatsing fan de ‘havenbûne’ bedriuwen fan Drachten nei in goede lokaasje oan it Prinses Margrietkanaal moat (ek) ûndersocht wurde, fynt GrienLinks. Retze van der Honing van der Honing stipe in PvdA-foarstel dat dy opsje ûndersocht hawwe woe, mar de PvdA luts dit foarstel wer yn, nei’t der in nij foarstel makke wie: ‘ûndersyk ferbreedzje’. Dêryn wurdt bedriuwsferpleatsing as opsje ek meinaam. En der wurdt sjoen nei de farwei-problematyk en wetterbûne ekonomy fan hiel Fryslân. Dat foarstel krige de stipe fan in grutte mearderheid (ek fan GrienLinks), mei allinne ChristenUnie en PVV tsjin.

De farwei nei Drachten – in sydtûke fan it Prinses Margrietkanaal, dwars troch natoergebiet De Alde Feanen – wurdt it hiele jier troch brûkt troch frachtskippen mei foaral sân en grint of mei feefoer, mar simmerdeis ek in soad brûkt troch farrende rekreanten. Dy frachtskippen en rekreaasjeboatsjes soene eins sa folle mooglik skieden wurde moatte, fanwege de feiligens. Boppedat soargje de frachtskippen foar sterke sûging. Dat liedt ta skea oan de wâlskanten en ekstra kosten foar it ûnderhâld.

Ein foarige, begjin dizze iuw is al besjoen oft der gjin alternative farwei betocht en makke wurde kin foar de frachtfeart. Bygelyks in nij kanaal fan Grou dwars troch de eilannen ‘De Burd’ en ‘De hege warren’ rjochting De Feanhoop en sa nei Drachten. De kosten wiene lykwols sadanich, dat Provinsjale Steaten doe seine: sa lang’t der minder as twa miljoen ton yn ’t jier ferfearn wurdt nei Drachten, brûke wy de besteande farwei.
De jierlikse tonnaazje bliuwt stykjen by rûchwei ien miljoen ton. Mar de reders (eigners) kieze wol foar hieltyd gruttere frachtskippen, om op dy wize kosten besparje te kinnen. It gefolch: gruttere skea oan wâlskanten en mear kâns op oanfarringen, want gruttere skippen hawwe minder sicht en in langere remwei.
Dêrom is de maksimum snelheid fan de gruttere skippen oan bannen lein. Lykwols wurde de niisneamde risiko’s grutter, sa leart de ûnderfining. Fandêr opnij de rop om in nij kanaal. En ek no is ien fan de opsjes: dwars troch ‘De Burd’ en ‘De hege warren’. Mar ‘De Burd’ wurdt op it stuit omboud ta natoergebiet, mei hegere wetterpeilen, om gaadlik(er) te meitsjen foar greidefûgels. Dus eins gjin opsje, fynt GrienLinks.
In oar alternatyf is: in nij kanaal, fierhinne parallel oan de Wâldwei (fan De Foanejacht rjochting De Pein en dan nei it suden ôfbûgjend nei de haven fan Drachten). Dat is fansels in djoere grap, miskien wol mear as 100 miljoen euro. Fandêr de opsje om ek te sjen nei ferpleatsing fan de oanbelangjende bedriuwen. Wurdt ferfolge, wierskynlik earne yn 2017, want der wurdt foarearst noch neat besletten, behalve dat der in ûndersyk komt.