GrienLinks-steatelid Retze van der Honing hat woansdei 23 maart 2016 tsjin de ‘startnotysje en diskusjenotysje Omjouwingsfisy’ stimd. Hy fynt dat de provinsjale polityk himsels te folle beheint, troch fjouwer ûnderwerpen foar de ‘diskusje mei de mienskip’ yn it foar al út te sluten: de lânbou, wynmûnen, it feangreidegebiet, greidefûgels en de ekologyske haadstruktuer (ûnderdiel fan it natoerbelied).
De provinsje moat – lykas alle provinsjes – in nije Omjouwingsfisy opstelle, dêr’t (hast) alle romtlik, miljeu-, ferkears- en wetterbelied yn bondele wurde. Doel is om hjiroer ek wiidweidich mei de befolking yn petear te gean.
“De dúdlikens is op himsels in goede saak. Mar as wy serieus mei de Fryske befolking yn oerlis wolle oer de takomst fan Fryslân, dan moatte wy de ynbring fan de befolking ek earnstich nimme”, neffens Van der Honing. “Derby hat it kolleezje de lânbou folslein búten skot hâlden in ‘e diskusje en leit alles oer de natuer iepen. Dat kin nèt, omdat it júst de tsjinstelling tusken lânbou en natuer is, die’t oan ‘e oarder is op dit stuit.”
Dêrom hat er sawol in Oanpast amendemint GrienLinks Omjouwingsfizy – PS 20160323 (wizigingsfoarstel) as in moasje (in fersyk oan it kol-leezje) yntsjinne. It amendemint kaam der op del dat de fjouwer neamde tema’s net bûten de diskusje mei de befolking hâlden wurde. Motie GrienLinks – discussie volksvertegenwoordiging – Omgevingsvisie PS 23 maart 2016 wie in oprop om goed nei te tinken en te diskusjearjen oer de ‘rol’ fan Provinsjale en Deputearre Steaten yn relaasje ta de befolking. Beide waarden fuortstimd troch de koälysjefraksjes fan CDA, VVD, SP en FNP: 16 foar, 26 tsjin.