Gebruik NUON-geld voor échte energiebesparing

GrienLinks: “Te folle miljoenen nei praatsessy’s”

GrienLinks – artikel (nederlandstalig) – Maak écht werk van energiebesparing

Fryslân kin yn fyftjin oant tweintich jier ‘enerzjyneutraal’ wurde, teminsten wat de wenten en gebouwen oanbelanget. Dan moat der wol écht wat dien wurde oan enerzjybesparring. Dit yn tsjinstelling ta it tuike-tuike-belied fan it kolleezje fan Deputearre Steaten, mient GrienLinks. Retze van der Honing:”Brúk dat NUON-jild – ynstee foar al dy ‘praatklubkes’- foar échte enerzjybesparring!”

Oant 2025 wurdt der – by besteand belied – amper écht dien oan enerzjybesparring yn Fryslân. Dat skriuwe Deputearre Steaten yn de ‘beleidsbrief duurzame energie’. Dat moat oars, finet Retze van der Honing.

De totale hoefeelheid oan enerzjyferbrûk waard yn 2014 rûsd op hast 63 PètaJoule (PJ) en dat bliuwt sa oant en mei 2015, neffens dit kolleezje. Dit is basearre op in advys fan KNN Advies út Grinslân.

Dochs is eltsenien dy’t him ek mar wát ferdjippet yn it enerzjyfraachstik it der oer iens, dat enerzjy-besparring fierwei it wichtichste is om sa fluch mooglik omskeakelje te kinnen nei duorsume enerzjy. It kolleezje fan DS skriuwt dat sels ek yn de niisneamde nota. Want dat makket it ek makliker om de doelen – sechtjin persint duorsume enerzjy yn 2020, tweintich persint yn 2025 en ‘enerzjyneutraal’ yn 2050 – te heljen.
De nije ‘Kadernota 2017’ fan itselde kolleezje fan Deputearre Steaten mei dy namme amper hawwe. Der geane – opteld – miljoenen euro’s nei in hiel soad praatsessy’s, om it mar efkes platwei te sizzen, mar konkrete resultaten binne amper oan te jaan. GrienLinks ferbynt beide kwestjes – it enerzjybelied en it algemiene belied – oanelkoar en bringt de wurden fan prins De Bourbon Parme fan 25 maaie yn ’t sin. Yn ‘De Rede fan Fryslân’ rôp hy de oerheden, dus ek Fryslân, op om alle subsydzjes en lieningen allinne noch te brûken foar it ynvestearjen yn in duorsume en ‘sirkulêre’ ekonomy.

Ien en ien is yn dit gefal trije. De provinsje smoart noch altyd yn it ‘NUON’-jild. Ynvestearje dat, yn de foarm fan sêfte lieningen – yn enerzjybesparring. Mocht dat juridysk net tastien wêze, rjochtsje dan in nij PEB op: Provinsjaal Enerzjybesparrings Bedriuw. En stek de rûchwei tûzen miljoen euro oan finansjele reserves yn de enerzjybesparring.
Efkes in rekkensomke, dat de âldere bern fan de basisskoalle noch neikomme kinne, dus dan mooglik ek it hjoeddeistige kolleezje fan Deputearre Steaten. Der wiene yn 2014 292.181 wenten yn Fryslân (neffens ‘Fryslân yn sifers’, in útjefte fan de provinsje sels) en der wurdt de kommende jierren noch in lichte groei ferwachte (foaral troch ‘gezinsverdunning’), dus stel ik it gemiddelde tusken no en 2025 foar it gemak op ûngefear 300.000 wenten.
De ynwenners fan sawol Nederlân as Fryslân ferhúzje gemiddeld ûngefear om de sân jier. Meitsje it ‘enerzjyneutraal’ meitsjen fan in wente finansjeel sá oantreklik, dat elk himsels ta gek ferklearret, as er syn ‘nije’ wente (fansels meast besteande wenningen) net earst ta ‘enerzjyneutraal’ ferbout, foardat er ferhuzet. Dan kinne by wize fan sprekken yn rûchwei sân jier al in hiel soad fan dy 300.000 wenten oergean op ‘Nul op de Meter’.
Prof. dr. Jan Rotmans skreau yn syn lêstferskynde boek ‘Verandering van tijdperk. Nederland kantelt’, dat it enerzjyneutraal meitsjen fan wenten yn earste ynstânsje ûngefear in ton de wenning kostet en ien oant twa wiken wurk. Mar mei’t der mear ûnderfining mei opdien wurdt en de skaal tanimt, sakket de priis – earst rjochting 50.000 euro en dêrnei rjochting 25.000 oant 20.000 euro de wenning.
Litte we no ris útgean fan in gemiddelde fan 40.000 euro oer in tiidrek fan fyftjin jier, dat is 12 miljard euro. Dat liket in allemachtich soad, mar as de provinsje Fryslân syn miljard euro oan reserves tûk ynset, dan betelje de bewenners fan Fryslân dat jild maklik werom oan de provinsje, neidat se harren wente enerzjyneutraal meitsje litten hawwe, want se hoege ommers gjin enerzjy mear te beteljen!
Dan moat it mooglik wêze om alle gebouwen (dus net allinne de wenten, mar ek de fabriken, sko-allen, sikehuzen, ensafuorthinne) yn Fryslân enerzjyneutraal te meitsjen yn ûngefear 15-20 jier.

Koart sein: frijwol net ien wurdt der minder fan, de bou- en ynstallaasjebedriuwen farre der wol by, de wenningen hâlde harren wearde foar nochris tsientallen jierren en Fryslân draacht by oan it ôfremjen fan de klimaatferwaarming. De iennichste sektor dy’t miskien klaget, is dy fan de gas- en stroomleveransiers. Mar dy hawwe de ôfrûne desennia al sá folle oan de Fryske konsuminten fertsjinne, dat it tiid wurdt dat de NUON-jilden werom geane nei de Fryske boargers.