GrienLinks: “Fytspaad Leechlân sa gau mooglik dienmeitsje”

foto van www.wergea.com
foto van www.wergea.com
In oprop fan GrienLinks oan Deputearre Steaten om it nije fytspaad tusken Grou en Warten sa gau mooglik ôf te meitsjen – it hâldt no op healwei op, by de ôfslach nei Wergea – krige woansdei 9 novimber 2016 gjin mearderheid fan Provinsjale Steaten.

GrienLinks-fraksjefoarsitter Retze van der Honing besocht it in oantal kearen yn de fergadering dy’t gie oer de begrutting 2017 en de ‘twadde bestjoersrapportaazje 2016’ (finânsjele stân fan saken). Mar hy krige nòch deputearre Sander de Rouwe (finânsjes), nòch syn kollega Sietske Poepjes (ferkear en ferfier, beide CDA), nòch Michiel Schrier (fytspaden, SP) sa fier, en dêrnei likemin de mearderheid fan Provinsjale Steaten. De oprop (moasje) waard fuortstimd mei tsien stimmen foar en 33 stimmen tsjin.
Van der Honing wiisde der op, dat it noardlike part fan it Leechlân – tusken de ôfslach nei Wergea en Warten – no eins noch gefaarliker wurden is: autobestjoerders dy’t de situaasje net kinne (dat jildt foar in soad toeristen) en fanút Grou rjochting Warten ride, sjogge ommers in fytspaad oan harren linker hân. En dan ynienen op healwei ride de fytsers op ‘e dyk, omdat dêr noch gjin fytspaad leit. “Dus wurdt it sa gau mooglik iens mei de gemeente Ljouwert oer de rest fan it paad. Oars is it skande fan de sinten én ekstra gefaarlik”, neffens Van der Honing. “As dit oanpakt wurdt mei jild fan de Streekaginda’s, is dat jild aanst ek op en komt dat noardlike stik nij fytspaad der hielendal net!” is de eangst fan Van der Honing. Wylst der al seker 24 jier striden wurdt foar it oanlizzen fan it fytspaad Grou-Warten.
Deputearre De Rouwe sei dat de provinsjale (subsydzje-)pot foar nije fytspaden en it ferbetterjen fan besteande paden in maksimum hat fan fjouwer miljoen euro. De gemeente Ljouwert makket dêr ek gebrûk fan, mar dan foar it ferbetterjen fan twa besteande fytspaden: de Verlengde Schrans en de Kanaalweg. Dêrnei binne de sinten foarearst op.