Provinsjaal en ryksjild foar de Fryske omrop


GrienLinks hat gjin beswier tsjin it provinsjaal meibeteljen oan it wurk fan Omrop Fryslân, as dat ten goede komt oan de kwaliteit fan de programma’ er Fryslân. Dêrom hat GrienLinks-steatelid Retze van der Honing ynstimd mei in jierlikse subsydzje, mar net sûnder diskusje.
Retze van der Honing woe – lykas de kollega’s fan D66 en ChristenUnie – in tuskenevaluaasje yn 2018, sadat besjoen wurde kin hoe’t it jild bestege is en oft de omrop waar foar syn jild leveret. Dêrta tsjinnen dizze trije fraksjes in amendemint yn, dat lykwols fersmiten waar: 15 foar, 28 tsjin.

Deputearre Sietske Poepjes woe der net oan meiwurkje, omdat neffens har in ryksbydrage fan 1,8 miljoen oer gefaar rinne kin. Wol sei se, dat Provinsjale Steaten altyd oan de belle lûke kinne op it stuit dat de oanbelangjende bedraggen yn de provinsjale begrutting opnommen binne.

Omrop Fryslân en de selsstannigens dêrfan, dêr hie it debat eins oer gean moatten yn Provinsjale Steaten, woansdei 21 desimber 2016. Mar it ferwaard ta hin en wer gedoch oer de kwaliteit fan it Frysk fan de omrop en oer de kwaliteit fan de programma’s en foaral, hoe’t deputearre Sietske Poepjes dy beide soarten kwaliteit garandearje koe. Dat koe se fansels net: “Fanwege de selsstannigens fan de omrop kin ik as deputearre gjin garânsjes jaan oer de kwaliteit fan de omrop, wy kinne heechút de omrop fergje op it leverjen fan goede kwaliteit”, neffens Poepjes.
Eins wie it de finansjele ‘fertaling’ fan ôfspraken tusken Ryk en provinsje – de saneamde Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) – op it mêd fan de media. Dizze BFTK is wer in útwurking fan wetlike ferplichtings foar Ryk en provinsje om de Fryske taal en kultuer te stypjen, op grûn fan Europeeske en lanlike wetjouwing.