Nei fjirtjin jier fraksjemeiwurker foar GrienLinks west te hawwen, wurdt it foar my tiid wat oars te dwaan. Ik sil wer oan de stúdzje – kultuerwittenskippen oan de Open Universiteit – en pak in âlde útdaging opnij op: it skriuwen fan in biografy oer de Fryske dichter, skriuwer en psychoanalitikus dr. Lieuwe Hornstra (1908-1990). Ik bliuw – lykas de ôfrûne jierren – ek sjoernalist by ActiefMedia yn Burgum en dosint Frysk foar de Afûk.
Fractievoorzitter Retze van der Honing spreekt van een stoer besluit. “Soms is het tijd de bakens te verzetten. De kunst is om dat op het juiste moment te doen. Als je 24 provinciale begrotingen behandeld hebt, kan ik me voorstellen dat de uitdaging er wat af gaat en dat het tijd is nieuwe dingen te doen. Gerrit durft die stap te nemen. Het zal wel even wennen worden. Want zolang ik GrienLinks heb meegemaakt was Gerrit daar ook bij”. Namens de fractie en allen die daar bij betrokken zijn wenst hij Gerrit alle goeds toe voor de toekomt en veel plezier bij het schrijven van zijn boek en de studie. Lees hier verder
Al sûnt begjin jierren njoggentich rin ik yn ‘t Provinsjehûs om, earst as notulist fan steatekommisjes en sûnt begjin 2003 as fraksjemeiwurker fan GrienLinks. It wurdt tiid foar wat oars. As’t foar de fjirde kear in Wetterhúshâldingsplan bestudearje moast en foar de 24e kear in provinsjale begrutting, wurdt de kâns op bedriuwsblinens te grut.”
Yn de steatefraksje haw ik foaral de ‘romtlike’ ûnderwerpen by de kop hân, lykas streekplan(nen), wetter-, natoer- en miljeuplannen, mar ek wynenerzjy en oare (duorsume) enerzjyfoarmen. De botsing tusken natoer en ekonomy hat my dwaande hâlden sûnt myn 16e jier. In aksje mei twa Terhernster generaasjegenoaten tsjin de komst fan in ‘botel’ by de Hearrensyl tusken Terherne en Terkaple wie súksesfol en hat sels laat ta de oprjochting fan de Friese Milieuraad, letter de Friese Milieufederatie.
In oar ûnderwerp wie it Frysk. De niget oan it Frysk krige ik al fan hûs út en ek fan ‘muoike Jant’, de skoaljuffer Jant Visser-Bakker oan de Terhernster legere skoalle. Mei troch har bin ik sûnt in pear jier ek dosint Frysk foar de Afûk. Ik hoopje de kommende jierren noch mannich kursus Frysk foar folwoeksenen jaan te kinnen. En ik hoopje dat de provinsje einliks mear Frysktalich ûnderwiis fan de grûn kriget.
Alle GrienLinks-leden dêr’t ik de ôfrûne jierren mei gearwurke haw: tige tank foar dizze gearwurking, soms mear en soms minder yntensyf. Ik winskje jimme in ‘griene’ en ‘linkse’ takomst ta. En oant sjen op de folgjende algemiene ledegearkomste.
Ljouwert, 11 jannewaris 2017. Gerrit van der Meer.
Stoer inderdaad!
Al zijn waterhuishoudingsplannen natuurlijk wel super boeiend. 😉
Heel veel plezier met je nieuwe uitdagingen. 😀