Opkomen voor amateurkunst en Fries in het onderwijs

“It profesjonele fjild betsjut in soad foar ús provinsje en past by de ambysjes fan in ynternasjonale útstrieling. Mar Fryslân hat noch folle mear te bieden. Dêrom freegje wy mear omtinken foar de amateurkeunst, de uteringen fan kultuer dy’t de maatskippij leefber hâlde”, sei Charda Kuipers yn it debat op 22 jannewaris 2020 oer de nije kultuernota Nij Poadium. Se tsjinne foarstellen (mei) yn om de posysje fan amateurkeunst te fersterkjen, it helpen fan nij talint en in stypjend en oanfoljend programma om it Frysk op skoallen te befoarderjen.

(een NL vertaling staat hieronder)
Yn de beliedsnota Nij Poadium wurdt it kultuerfjild opdield yn in oantal ambysjes (ynnovaasje, keunstynfrastruktuer, ensfh.) en wurde beliedsdoelen mei-inoar ferbûn. De bedoeling is om hjirmei romte te skeppen foar ynnovaasje en nij talint en om fleksibeler ynspylje te kinnen op nije ûntjouwingen. In moai foarstel wat GrienLinks oanbelanget, mar wol mei romte foar ferbetteringen. Charda Kuipers yn de Steategearkomste op 22 jannewaris 2020: “We sjogge in ekosysteem foar ús, dêr’t romte is foar in soad ferskillende soarten en foarmen fan kultueruteringen en keunstoanbod. Dêr’t jonge beammen net yn it skaad fan wâldreuzen hoege te stean en elke Fries wat fan syn gading fine kin. Yn in sûn ekosysteem binne fraach en oanbod yn balâns. As we mei dy blik nei Nij Poadium sjogge, sjogge we dat die balâns noch wat bysteld wurde kin. It profesjonele fjild betsjut in soad foar ús provinsje en past by de ambysjes fan in ynternasjonale útstrieling. Mar Fryslân hat noch folle mear te bieden. Dêrom freegje wy mear omtinken foar de amateurkeunst, de uteringen fan kultuer dy’t de maatskippij leefber hâlde. Bygelyks by it kreëarjen fan Brûsplakken en it befoarderjen fan keunst- en muzykûnderwiis. Of by it derfoar soargjen dat amateurkeunst in plak hâlden bliuwt yn dizze nota. By it helpen fan nij talint. Op al dizze mêden tsjinje wy moasjes mei yn.”

Charda Kuipers tsjinne in moasje fan PvdA mei yn om te soargjen dat amateurkeunst in plak hat yn de programmalinen en terjochte kin foar stipe by it yntsjinjen fan oanfragen. Ek tsjinne se in moasje fan de SP mei yn om te ûndersykjen oft in mienskiplike regeling mooglik is foar muzyk- en keunstûnderwiis en in moasje fan it CDA om te soargjen dat jonge makkers en makkersplakken ek in plak krije yn it kultuerbelied. Dêrnjonken tsjinne se in moasje mei yn fan ‘e FNP om te soargjen dat koepelorganisaasjes harren taken goed útfieren bliuwe kinne. As lêste tsjinne Charda Kuipers by de kultuernota in moasje fan D66 mei yn om budzjet frij te meitsjen foar doelrjochte kultuermarketing, it oanjeien fan kultuertoerisme en it behâlden fan de legacy fan 2018. Op de moasje fan D66 nei waarden al dizze moasjes oannaam.

Ek wat de Fryske taal yn de nota oanbelanget hie Charda Kuipers in pear foarstellen: “GrienLinks hat altyd in grut foarstanner west fan in brede maatskiplike diskusje oer it Frysk. We tinke dat der nettsjinsteande alle ynset út de provinsje wei, mooglik mear nedich is om it Frysk libben te hâlden. Dochs binne we bliid mei wat oft der yn dizze beliedsbrief stiet. Wol meitsje we ús soargen oer it lytse oantal skoallen dat oan de kearndoelen foar it Frysk foldocht, mar we sjogge ek hoe folle druk oft der al op learkrêften leit. Graach wolle we harren dêryn stypje. We hawwe begrepen fan organisaasjes dy’t op skoallen komme om it lêzen te befoarderjen en organisaasjes dy’t harren dwaande hâlde mei it befoarderjen fan it Frysk dat se ynteressearre binne om harren kennis en ûnderfining te bondeljen om in oanfoljend programma op te stellen om Frysk op skoalle ynformeel te befoarderjen. Se hawwe dan wol commitment fan de provinsje nedich om dat foarinoar te krijen. Wy stelle mei in moasje foar om mei dizze organisaasjes yn petear te gean oer wat oft der mooglik is en at it heal kin, dêr commitment oan te ferlienen.

Dêrnjonken binne we bliid dat yn de nota omtinken is foar it meitsjen en promoatsjen fan Fryske literatuer, en foaral ek jongereinliteratuer. Mar as je wolle dat de Fryske literatuer fan sa heech mooglike kwaliteit is, is in goede redaksje en korreksje ek wichtich. Dêr is no faak gjin jild foar. Dêrom stelle we mei in moasje foar om oan de subsydzjeregeling dy’t der is foar it oersetten en skriuwen fan Fryske boeken of jongereinboeken, de mooglikheid ta te foegjen om subsydzje oan te freegjen foar it redigearje litten en korrizjearjen fan in nij oarspronklik Frysk boek .”

Beide moasjes waarden oannaam. De moasje foar it oanfoljende programma op skoalle sels unanym. De moasje foar de Fryske literatuer hast unanym: allinne PVV stimde tsjin.

NL vertaling
“Het professionele veld betekent veel voor onze provincie en past bij de ambities van een internationale uitstraling. Maar Fryslân heeft nog veel meer te bieden. Daarom vragen wij meer aandacht voor de amateurkunst, de uitingen van cultuur die de samenleving leefbaar houden”, zei Charda Kuipers in het debat op 22 januari 2020 over de nieuwe cultuurnota Nij Poadium. Ze diende voorstellen (mee) in om de positie van amateurkunst te versterken, het helpen van nieuw talent en een ondersteunend en aanvullend programma om het Fries op scholen te bevorderen.

In de beleidsnota Nij Poadium wordt het cultuurveld opgedeeld in een aantal ambities (innovatie, kunstinfrastructuur, etc.) en worden beleidsdoelen met elkaar verbonden. De bedoeling is om hiermee ruimte te scheppen voor innovatie en nieuw talent en om flexibeler in te kunnen spelen op nieuwe ontwikkelingen. Een mooi voorstel wat GrienLinks betreft, maar wel met ruimte voor verbeteringen. Charda Kuipers tijdens de Statenvergadering op 22 januari 2020:

“We zien een ecosysteem voor ons, waar ruimte is voor veel verschillende soorten en vormen van cultuuruitingen en kunstaanbod. Waar jonge bomen niet in de schaduw van woudreuzen hoeven staan en elke Fries iets van zijn gading kan vinden. In een gezond ecosysteem zijn vraag en aanbod in balans. Als we met die blik naar Nij Poadium kijken, zien we dat die balans nog iets bijgesteld kan worden. Het professionele veld betekent veel voor onze provincie en past bij de ambities van een internationale uitstraling. Maar Fryslân heeft nog veel meer te bieden. Daarom vragen wij meer aandacht voor de amateurkunst, de uitingen van cultuur die de samenleving leefbaar houden. Bijvoorbeeld bij het creëren van brûsplakken en kunst- en muziekonderwijs bevorderen. Of bij het ervoor zorgen dat amateurkunst een plek blijft houden in deze nota. Bij het helpen van nieuw talent. Op al deze terreinen dienen wij moties mee in.”

Charda Kuipers diende een motie van PvdA mee in om te zorgen dat amateurkunst een plek heeft in de programmalijnen en terecht kan voor ondersteuning bij het indienen van aanvragen. Ook diende ze een motie van de SP mee in om te onderzoeken of een gemeenschappelijke regeling mogelijk is voor muziek- en kunstonderwijs en een motie van CDA om te zorgen dat jonge makers en makersplekken ook een plek krijgen in het cultuurbeleid. Daarnaast diende ze een motie mee in van FNP om te zorgen dat koepelorganisaties hun taken goed kunnen blijven uitvoeren. Tot slot diende Charda Kuipers bij de cultuurnota een motie van D66 mee in om budget vrij te maken voor gerichte cultuurmarketing, het aanjagen van cultuurtoerisme en het behouden van de legacy van 2018. Op de motie van D66 na werden al deze moties aangenomen.

Ook wat betreft de Friese taal in de nota had Charda Kuipers een paar voorstellen: “GrienLinks is altijd een groot voorstander geweest van een brede maatschappelijke discussie over het Frysk. We denken dat er ondanks alle inzet vanuit de provincie, wellicht meer nodig is om het Fries levend te houden. Toch zijn we blij met wat er in deze beleidsbrief staat. Wel maken we ons zorgen over het weinige aantal scholen dat aan de kerndoelen voor het Fries voldoet, maar we zien ook hoe veel druk er al op leerkrachten ligt. Graag willen we ze daarin steunen. We hebben begrepen van organisaties die op scholen komen om het lezen te bevorderen en organisaties die zich bezighouden met het bevorderen van het Fries dat ze geïnteresseerd zijn om hun kennis en ervaring te bundelen om een aanvullend programma op te stellen om Fries op school informeel te bevorderen. Ze hebben dan wel commitment van de provincie nodig om dat voor elkaar te krijgen. Wij stellen met een motie voor om met deze organisaties in gesprek te gaan over wat er mogelijk is en zo mogelijk daar commitment aan te verlenen.

Daarnaast zijn we blij dat in de nota aandacht is voor het maken en promoten van Friese literatuur, en ook vooral jeugdliteratuur. Maar als je de Friese literatuur van zo hoog mogelijke kwaliteit wilt laten zijn, is een goede redactie en correctie ook belangrijk. Daar is nu vaak geen geld voor. Daarom stellen we met een motie voor om aan de subsidieregeling die er is voor het vertalen en schrijven van Friese boeken of jeugdboeken, de mogelijkheid toe te voegen om subsidie aan te vragen voor het laten redigeren en corrigeren van een nieuw oorspronkelijk Fries boek.”

Beide moties werden aangenomen. De motie voor het aanvullende programma op school zelfs unaniem. De motie voor de Friese literatuur bijna unaniem: alleen PVV stemde tegen.