Vragen over kosten provincie voor ‘verbonden’ partijen

NL vertaling hieronder

De fraksjes fan FNP, GrienLinks en 50PLUS yn Provinsje Steaten fan Fryslân (PS) wolle mear ynsjoch yn de koste-ûntwikkelings fan de ferbûne partijen en mienskiplike regelingen. Dat stelle se foar yn in suggestje oan de Noardlike Rekkenkeamer. It giet om organisaasjes dêr’t alle jierren in finansjele bydrage oan betelle wurde moat. De partijen wolle mear ynsjoch om’t de kosten de lêste jierren bot tanaam binne, wylst de finansjele posysje fan de provinsje minder wurdt.

De organisaasjes dêr’t de fraksjes ûndersyk nei hawwe wolle binne yn alle gefallen de neikommende organisaasjes: FUMO, SNN, NOM, NRK, Tresoar, IPO, Marrekrite, HNP, Thialf OG BV, Coöperatie Openbare verlichting en Energie Fryslân en Omgevingsdienst Groningen. Yn 2021 betellet provinsje Fryslân neffens har eigen begrutting yn totaal in bydrage fan hast € 15 miljoen oan boppeneamde partijen. Yn de Steaten fan Fryslân hawwe ek earder wol fragen west oer de koste-stiging fan in oantal fan dy organisaasjes.

Fragen
It wichtichste probleem dat de trije fraksjes fan FNP, GrienLinks en 50PLUS oplosse wolle is hoe’t de provinsje Fryslân mear grip krije kin op de koste-ûntwikkelings fan de ferbûne partijen. Dêrneist binne der ek noch twa dielfragen. De earste is, wurde ferhegings fan de kosten troch de ferskillende ferbûne partijen goed ûnderboud en hoe kin dat (eventueel) ferbettere wurde. De twadde dielfraach is: hoe kinne de stjoeringsmooglikheden fan PS op ‘e ferbûne partijen ferbettere wurde? Sawol op organisatoarysk, finansjeel as op ynformaasjegebiet.

Vragen over kosten provincie voor ‘verbonden partijen’
Partijen kritisch over kosten verbonden partijen

De fracties van FNP, GrienLinks en 50PLUS in Provinciale Staten van Friesland (PS) willen meer inzicht in de kostenontwikkelingen van de verbonden partijen en gemeenschappelijke regelingen. Dat stellen ze voor in een suggestie aan de Noordelijke Rekenkamer. Het gaat om organisaties waaraan jaarlijks een financiële bijdrage moet worden betaald. De partijen willen meer inzicht omdat de kosten de laatste jaren sterk zijn toegenomen, terwijl de financiële positie van de provincie minder wordt.

De fracties willen in ieder geval onderzoek naar de volgende organisaties: FUMO, SNN, NOM, NRK, Tresoar, IPO, Marrekrite, HNP, Thialf OG BV, Coöperatie Openbare verlichting en Energie Fryslân en Omgevingsdienst Groningen.

In 2021 betaalt provincie Fryslân volgens haar eigen begroting in totaal een bijdrage van bijna € 15 miljoen aan bovengenoemde partijen. In de Staten van Friesland zijn ook eerder wel vragen geweest over de kostenstijging van een aantal van die organisaties.

Vragen
Het belangrijkste probleem dat de drie fracties van FNP, GrienLinks en 50 PLUS willen oplossen is hoe de provincie Fryslân meer grip kan krijgen op de kostenontwikkelingen van de verbonden partijen. Daarnaast zijn er ook nog twee deelvragen. De eerste is, worden verhogingen van de kosten door de verschillende verbonden partijen goed onderbouwd en hoe kan dat (eventueel) worden verbeterd. De tweede deelvraag is: hoe kunnen de sturingsmogelijkheden van PS op de verbonden partijen worden verbeterd? Zowel op organisatorisch, financieel als op informatiegebied.