GrienLinks en PvdA raads- en Statenfracties dienen zienswijze in bij minister over gaswinning Waddenzee

Jochem Knol (Grienlinks Statenfractie Fryslân), Hetty Janssen (PvdA Statenfractie Fryslân) dienen mede namens verschillende raadsfracties een zienswijze in bij de minister over de gaswinning onder de Waddenzee bij Ternaard.

Jochem Knol (Grienlinks Steatefraksje Fryslân), Hetty Janssen (PvdA Steatefraksje Fryslân) tsjinje mei út namme fan ferskate riedsfraksjes in sjenswize yn by de minister oer de gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard.
Fryske tekst giet hjirûnder fierder

Jochem Knol (GL) en Hetty Janssen (PvdA): “We vinden het onbegrijpelijk dat de ministeries een vergunning willen verlenen voor nieuwe gaswinning onder de Waddenzee. Ter beperking van klimaatverandering is het nodig om zo veel mogelijk fossiele delfstoffen in de grond te laten zitten en het gebruik van fossiele delfstoffen door bijvoorbeeld isolatie zo snel als mogelijk te verminderen. De urgentie van het aanpakken van de klimaatverandering én de noodzaak van het beschermen van natuurlijke systemen (zoals de Waddenzee) zijn – zeker gecombineerd – in onze ogen juist redenen om géén nieuwe gaswinning toe te staan in de Waddenzee.”

De raadsfracties die mee indienen zijn: Rebecca Slijver (Sociaal In Noardeast-Fryslân), Gryte Schaafstal (PvdA Noardeast-Fryslân), Stephanie Geurtz (GL Harlingen), Jan-Willem Adams (PvdA Terschelling), Tjeerd Cuperus (SAM Waadhoeke), Bartele Boersma (PvdA Harlingen), Femke Molenaar (GL Leeuwarden), Tjitske Veenstra (GL Achtkarspelen), Anne Merkuur (GL De Fryske Marren), Rik Berends (GL Ooststellingwerf), Gerrie Rozema (GL Heerenveen), Thomas van Dijk (GL SúdWest-Fryslân), Gaby Thijssen (GL Weststellingwerf), Brigitta Scheepsma (GL Tytjerksteradiel), Luciënne Meinsma (GL Smallingerland) en Elske Beintema (GL Opsterland).

Code rood voor de mensheid
De minister van EZK stelde in zijn brief van 27 september 2021 aan de Tweede Kamer, dat ‘de gaswinning vooreerst nog noodzakelijk is vanuit klimaatoogpunt, ook gezien de stijging van de zeespiegel op lange termijn de grootste bedreiging voor de natuur van de Waddenzee vormt, is dit een logisch keuze’. De beide woordvoerders vinden dit – gezien het net uitgekomen IPCC rapport over de versnelde zeespiegelstijging – onvoldoende onderbouwd: “VN-Secretaris-Generaal António Guterres zegt zelfs dat dit IPCC-rapport een code rood voor de mensheid is en roept alle landen op nieuwe exploratie en productie van fossiele brandstoffen stop te zetten en hernieuwbare energie te subsidiëren in plaats van fossiele brandstoffen.”

Internationale oproep
Internationale overheden en organisaties hebben ook opgeroepen af te zien van nieuwe gaswinning onder het Waddengebied. De Waddenzee is een belangrijke broed- en rustplaats voor trekvogels (van Siberië tot Afrika). De beide Statenleden verwijzen naar o.a. het verdrag van Bonn. Dit verdrag gaat over het behoud en beheer van terrestrische, aquatische en aviaire trekkende soorten in hun hele verspreidingsgebied. Ze vragen de minister de internationale oproepen en verdragen serieus te nemen en mee te laten wegen in de beslissing en de vergunning voor de gaswinning in de Waddenzee bij Ternaard niet te verlenen.

Natuurvergunning niet verlenen
Jochem Knol en Hetty Janssen: “De natuurbeschermingswet (Wnb) vereist dat alle effecten van de gaswinning op de natuur in de Waddenzee worden meegewogen en gedegen wetenschappelijk worden onderbouwd. Dat is niet gebeurd en op zich is dat al voldoende reden de vergunning niet te verlenen. Op verzoek van de vaste commissie voor EZK van de Tweede Kamer heeft de Waddenacademie onafhankelijk juridisch advies uitgebracht over de mogelijkheden voor de minister om een vergunning voor gaswinning onder de Waddenzee te weigeren. Het antwoord van de Waddenacademie is erg duidelijk: de minister kan, nee MOET de vergunning weigeren op grond van de Wet Natuurbescherming. Dat advies is heel helder en we hopen dat de Tweede Kamer en de minister dit advies opvolgen.”

Gevolgen niet goed in beeld
Tot nu toe is het hand-aan-de-kraan-principe gehanteerd om aan het voorzorgsbeginsel te kunnen voldoen bij de gaswinningen. ’Dat heeft tot nu toe voldaan’, zegt het Adviescollege dat het hand-aan-de-kraan-principe heeft onderzocht. Daarnaast zegt men “Richting de toekomst is echter een betere analyse van onzekerheden op langere termijn wenselijk, met name waar het gaat om de verwachte zeespiegelstijging en de natuurlijke sedimentatie.” Daarnaast zegt men ‘Richting de toekomst is echter een betere analyse van onzekerheden op langere termijn wenselijk, met name waar het gaat om de verwachte zeespiegelstijging en de natuurlijke sedimentatie.’ GrienLinks en PvdA: “Bij het bepalen van de risico’s voor de kwetsbare natuur in en rond de Waddenzee zijn de gevolgen van alle bedreigingen niet opgeteld. Bodemdaling als gevolg van gaswinning kan de druppel zijn die de emmer doet overlopen. Dit geldt overigens ook voor de gevolgen voor de landbouw en de bewoners aan de droge kant van de dijk.”

Geen draagvlak in de regio
Vanuit het college van Gedeputeerde Staten, de Staten van Fryslân, Wetterskip Fryslân, de gemeente Noardeast Fryslân, natuurorganisaties, landbouworganisaties én de burgers in Noardeast Fryslân zelf is uitdrukkelijk en meerdere malen te kennen gegeven – op officiële en onofficiële wijze – en met tal van argumenten gevraagd de vergunning voor gaswinning onder de Waddenzee bij Ternaard niet te verlenen. Jochem Knol en Hetty Janssen namens hun partijen: ” Wij hebben gezien en begrepen dat de minister van EZK (op dit moment de heer Blok), deze adviezen, oproepen en uitspraken uit de regio naast zich neerlegt met het argument dat de mijnbouwwet zijn eigen procedures kent die hij moet volgen. Het advies van de Waddenacademie kan de minister niet naast zich neerleggen. We ondersteunen dat vanuit de regio met deze zienswijze.”

FRYSK

GrienLinks en PvdA rieds – en steatefraksjes tsjinje sjenswize yn by minister oer gaswinning Waadsee

Jochem Knol (Grienlinks Steatefraksje Fryslân), Hetty Janssen (PvdA Steatefraksje Fryslân) tsjinje mei út namme fan ferskate riedsfraksjes in sjenswize yn by de minister oer de gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard.

Jochem Knol (GL) en Hetty Janssen (PvdA): “We fine it ûnbegryplik dat de ministearjes in fergunning ferliene wolle foar nije gaswinning ûnder de Waadsee. Ta beheining fan klimaatferoaring is it nedich om sa folle mooglik fossile delfstoffen yn de grûn sitte te litten en it brûken fan fossile delfstoffen troch bygelyks isolaasje sa gau as mooglik te ferminderjen. De urginsje fan it oanpakken fan de klimaatferoaring én de needsaak fan it beskermjen fan natuerlike systemen (lykas de Waadsee) binne – yn alle gefallen yn kombinaasje – yn ús eagen krekt redenen om gjín nije gaswinning ta te stean yn de Waadsee.” De riedsfraksjes dy’t mei yntsjinje binne: Rebecca Slijver (Sociaal In Noardeast-Fryslân), Gryte Schaafstal (PvdA Noardeast-Fryslân), Stephanie Geurtz (GL Harns ), Jan-Willem Adams (PvdA Skylge ), Tjeerd Cuperus (SAM Waadhoeke ), Bartele Boersma (PvdA Harns , Femke Molenaar (GL Ljouwert), Tjitske Veenstra (GL Achtkarspelen), Anne Merkuur (GL De Fryske Marren), Rik Berends (GL Eaststellingwerf), Gerrie Rozema (GL It Hearrenfean), Thomas van Dijk (GL SúdWest-Fryslân), Gaby Thijssen (GL Weststellingwerf), Brigitta Scheepsma (GL Tytjerksteradiel), Luciënne Meinsma (GL Smellingerlân) en Elske Beintema (GL Opsterlân).

Koade read foar de minskheid
De minister fan EZK stelde yn syn brief 27 september 2021 fan 27 septimber 2021 oan de Twadde Keamer, dat ‘de gaswinning foarearst noch needsaaklik is út klimaateachpunt wei, ek mei’t de stiging fan de seespegel op lange termyn de grutste bedriging foar de natuer fan de Waadsee foarmet, is dit in logyske kar’. De beide wurdfierders fine dat – sjoen it krekt útkommen IPCC rapport oer de fluggere seespegelstiging – ûnfoldwaande ûnderboud: ” VN-Secretaris-Generaal António Guterres seit sels dat dit IPCC-rapport in koade read foar de minskheid is en ropt alle lannen op nije eksploraasje en produksje fan fossile brânstoffen stop te setten en wernijbere enerzjy te subsidiearjen yn stee fan fossile brânstoffen.”

Ynternasjonale oprop
Ynternasjonale oerheden en organisaasjes hawwe ek oproppen ôf te sjen fan nije gaswinning ûnder it Waadgebiet. De Waadsee is in wichtich bried- en rêstplak foar trekfûgels (fan Sibearië oant Afrika). De beide Steateleden ferwize nei û.o. it ferdrach fan Bonn. Dit ferdrach giet oer it behâld en behear fan terrestryske, akwatyske en aviêre trekkende soarten yn har hiele ferspriedingsgebiet. Se freegje de minister de ynternasjonale oproppen en ferdraggen serieus te nimmen en meiwage te litten yn it beslút en de fergunning foar de gaswinning yn de Waadsee by Ternaard net te ferlienen.

Natuerfergunning net ferliene
Jochem Knol en Hetty Janssen: “De natuerbeskermingswet (Wnb) fereasket dat alle effekten fan de gaswinning op de natuer yn de Waadsee meiwoegen wurde en degelik wittenskiplik ûnderboud wurde. Dat is net bard en op himsels is dat al genôch reden de fergunning net te ferlienen. Op fersyk fan de fêste kommisje foar EZK fan de Twadde Keamer hat de Waadakademy ûnôfhinklik juridysk advys útbrocht oer de mooglikheden foar de minister om in fergunning foar gaswinning ûnder de Waadsee te wegerjen. It antwurd fan de Waadakademy is dúdlik: de minister kin, nee MOAT de fergunning wegerje op grûn fan de Wet Natuerbeskerming. Dat advys is hiel helder en wy hoopje dat de Twadde Keamer en de minister dit advys opfolgje.”

Gefolgen net goed yn byld
Oant no ta is it hân-oan-de-kraan-prinsipe hantearre om oan it foarsoarchsbegjinsel foldwaan te kinnen by de gaswinningen. ‘Dat hat oant no ta foldien’, seit it Advyskolleezje dat it hân-oan-de-kraan-prinsipe ûndersocht hat. Dêrneist seit men ‘Rjochting de takomst is lykwols in bettere analyze fan ûnwissichheden op langere termyn winsklik, benammen dêr’t it giet om de ferwachte seespegelstiging en de natuerlike sedimintaasje. GrienLinks en PvdA: “By it bepalen fan de risiko’s foar de kwetsbere natuer yn en om de Waadsee binne de gefolgen fan alle bedrigingen net opteld. Boaiemdelgong as gefolch fan gaswinning kin de drip wêze dy’t de amer oerrinne lit. Dat jildt oars ek foar de gefolgen foar de lânbou en de bewenners oan de drûge kant fan de dyk.”

Gjin draachflak yn de regio
Ut it kolleezje fan Deputearre Steaten, de Steaten fan Fryslân, Wetterskip Fryslân, de gemeente Noardeast Fryslân, natuerorganisaasjes, lânbou-organisaasjes én de boargers yn Noardeast Fryslân sels is útdruklik en meardere kearen te kennen jûn – op offisjele en ûnoffisjele wize – en mei tal fan arguminten frege de fergunning foar gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard net te ferlienen. Jochem Knol en Hetty Janssen út namme fan harren partijen: “Wy hawwe sjoen en begrepen dat de minister fan EZK (op dit stuit de hear Blok), dizze advizen, oproppen en útspraken út de regio neist him delleit mei it argumint dat de mynbouwet syn eigen prosedueres hat dy’t er folgje moat. It advys fan de Waadakademy kin de minister net neist him dellizze. Wy stypje dat út de regio wei mei dizze sjenswize.”

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.